IT FRYSKE FINDEL



“IT FRYSKE FINDEL


J. DE HAAN

1

It is in deimannich nei nijjier 1586.
De kâlde noardeaster spilet sûnt in pear dagen de baas oer it Fryske lân. Hy jaget oer de keale greiden, rûzet troch de reidpôlen om mar en poel en hat it weagjend wetter bestjurre ta in iisflier, dy’t wol al in hynder drage kin.
Ruerd, dy’t by syn pake en beppe wennet, yn it lytse húske, in eintsje buten it doarpke yn Linsterlân, hat him de hiele dei op it iis fermakke mei de slide en wurch en slûch hat beppe him de jûns nei it waarmmied bestoppe yn it grutte bedstee.
Hy hat in skoft slept as in baarsch, mar no is er klear wekker. Rjochtoerein sit er yn it bedstee. Mei in pear grutte eagen sjocht er nei it finster en harket. Krekt as skeuvele dêr immen foar de glêzen om.
Binne der dieven? Wa meie der oars yn ‘e nacht om oarmans hûs en hear omspoekje?
It swit stiet him op ‘e holle. It hert bûnzet him.
Nuver? Pake liket neat heard te hawwen. En beppe likemin. Dy sliepe yn it oare bedstee. It bliuwt sa stil. Op ‘e wytskuorre houten tafel pinkelt fredich it lytse nachtpitsje. Grutte skaden dûnsje op ‘e muorre. De wyn boldert bytiden yn ‘e skoarstien en dan flakkert it ljochtsje yn ‘e tochte.
Soe er it dan allinnich mar dreamd hawwe? Hy wol him krekt wer deljaan, mar dan ……
O, harkris!
Hy hâldt de siken yn.
Wat is dat?
Nee, dreamd hat er net. It hat wol sa west.
Klear heart er no immen foar de gevel lâns rinnen.
Klompen klosse op ‘e hurdbeferzen grûn,
Soe pake noch neat hearre?
Hy giet oerein sitten. It hert bûnzet him yn ‘e kiel.
En dan ynienen raast er it ût: “Pake! Pake!”

Syn skelle jongensstim gjalpt boppe alles ût. Want dy man dêrbûten ramaait ferheftich mei syn klomp op ‘e blinen om. It is in leven as in oardiel. De finster rattelje. Hark, no ropt er ek wat, mar dat is by al dat leven net te ferstean.
Deabenaud sjit Ruerd ynienen ûnder de tekkens. Djip ……hiel djip derûnder. Allinnich noch in wyt tûfke hier is der fan him te sjen. Mear net. Hy hat de fingers yn ‘e earen stoppe…..
Efkes wurdt it dan wer stil. Ruerd heart in bedsplanke kreakjen. Lokkich. Hy sykhellet wer rommer. Pake is wekker. Dy komt derôf. No is er net sa bang mear. Mei in wip is er ûnder ‘e tekkens wei. Hup ….dêr stiet er op bleate fuotten oer de kalde liemen flier.
Hûh ……
Pake hat de seilbokse al oanlutsen.
“Pake, wa is dêr?”
“Bistû der ek al of, jonkje? Ik wit it net. Wy sille ris sjen”.
Bommmerebommerebom ….. In nije roffel!
Wer beukt der ien mei de klomp op om. De glêzen kinne der wol ut sa.
“Ik kom!” raast pake.
Hy strampelt Ruerd foarby nei de syddoar. “De klean oan, hear. Oars skipest kjeld.”
Ruer hat de sokken al oan en hastich sjit er yn ‘e broek. Dan drafket er pake efternei …..
Dy skoot de swiere skoattel foar de syddoar wei en draait de boppedoar iepen. In iiskâlde pûster wyndert Ruerd om ‘e fuotten. It friest wer, dat it ongelt. Mei har beiden kypje hja om ‘e hoeke.
“Ik sjoch gjinien, “seit pake.
Mar dan hearre hja klompen klossen. Om ‘e hoeke fan ‘e foargevel wei komt immen mei grutte stappen op harren tasetten.
“It is Age,”seit pake dan.
Ja, it is Age, wylde Age fan ‘e boskpleats! Wa soe dy net kenne? Hy, Ruerd, hie de pols wol foar him droegen, as dy ut te jeien gong.”
“Keardel,” ropt pake, “is my dat wurk? Immen sa kjel te meitsjen midnacht.Moat der altemets in keal helle wurde?”
It bart in inkelde kear wolris, dat de boeren pake dan helje.
“Nee …..nee…..” himet Age, “wie it mar sa! Der is wat oars oan ’t hantsje. Kom mar ris mei. Dan kinne jimme it sels sjen!”
Hy wiuwt mei de hân. Pake en Ruerd, wakkere nijsgjirrich en in krom ferwûndere ek wol, want Age docht ommers sa nuver, komme gau ta de doar ut, klosse him efternei by de sydgevel lâns,
Efterhûs, in bytsje yn ‘e lijte fan in âld hok, bliuwt Age stean.
“Sjoch, “seit er en hy wiist fier oer de wite greiden hinne, “brân, oeral’brân!”
It is , as stiet der in ûngeloksprofeet neist harren. Pake wurdt der suver oars fan.
“Dochs net? “ seit er ferheard. Twa pear eagen folgje Age syn wiisfinger.
Mar it mist net, Age hat gelyk. Dêrjinsen stiet op wol fiif, seis plakken de loft rea. It is ien rodzige gloede …..
Stoareagjend oer it wytbesnijde fjild steane hja der in skoftsje nei te sjen. It binne boerepleatsen, dy’t yn ‘e lôge steane,. Nimmen dy’t in wurd seit.
Pake is stomferslein, mar dan stjit er der rimpen ût:  “Hoe kin dat?”
Ruerd sjocht fan ‘e reade gloede dêr yn ‘e fierte nei Age. Ek him baarnt dy fraach op ‘e tonge.
En trystich seit Age: “It is de reade hoanne.”
De reade hoanne! As wie de wjerljocht foar him delslein, sa stiet pake oan ‘e grûn fernagele. Al hiel feralterearre pakt er Age by de earm. “Jonge ….. dat is dochs net wier?” ropt er, “Sis, du nimst ús dochs net te fiter wol?”
Ja, hy raast it suver ut, want hy kin it net leauwe.
“Mar al te wier, pake, “ seit Age dan. “Fannacht binne de Spaansken it lân ynfallen. Gâns in kliber hynstefolk. Dat dêre binne pleatsen, dy ’t hja yn ‘e brân stutsen hawwe. Dêrom haw ik jimme en oaren der fannacht sa hommels útkloppe. Want moarn binne se hjir,wat ik jo sis ……”
Ruerd sjocht Age oan mei eagen as tafelbuordsjes. Hy begrypt mar amper wat it sizze wol.
Mar pake nammerste better. Der binne net fergees safolle jierren oer syn grize kape gien. Hy hat dit faker meimakke. Rouwe basten binne it, dy Spaanske dragonders. Hja jeie froulju en bern oer de kling, hingje de boeren op en stekke pleatsen en doarpen yn ‘e brân. Dat neame hja: de reade hoanne kraaie litte.
Hy rydbosket, mar it is net fan ‘e skerpe noardeastewyn. It wol him noch mar net oan,
“Mar Age, jonge, witst it wol goed?”
“Pake, leau my mar. It binne de Spekken en gjin minske dy’t se keart.”
“Mar …..” seit Pake, “it wetter ….. it wetter dan?”
Age laket bitter.
“It wetter?” andert er. “Mar man, binne jo dan mei blinens slein? It wetter, fan âlds ús freon, is ús no ta in fijân wurden! It wetter docht it him krekt. It is iis wurden en sa sterk as in dyk. Lei der mar gjin iis. Mar no …. no stowe se dwers alles hinne. Oer fearten en puollen en marren kinne se it lân samar ynstrûze. As hja wolle steane hja mei gauwens foar de poarten fan Ljouwert. Hiel Fyslân leit foar harren iepen. Warleas foar it Spaanske geweld. “
No sjocht pake it ek. En yn syn herte skriemt it. Want hjir is de ein fan wei. Grutter ramp koe Fryslân net treffe. Mar ien ding is der noch en dêr grypt er him oan fêst, no ’t alles liket te wankeljen: “De Greve! De Greve is der dochs noch?”
Lykas alle Friezen hat er in sterk en grut betrouwen op de Greve Willem Loadwyk fan Nassau. Dy sil grif oan it haad fan it Geuzeleger de ynfallers opkeare!
Der lûkt in skaad oer Age syn antlit en mismoedich komt it der ut: “De Greve sit yn Hollân.“
“Mâlder kin it no ek al net, “ mient pake en hy stiet skodholjend nei de fierte te sjen. Dit stiet der min foar. “Jimme moatte in goed hinne-kommen sykje, “begjint Age wer. “Sa gau as it kin hjirwei. Jo kinne my heit – en – dys wol in wein helje en ik sil wol soargje dat jimme in hynder krije.” Dan is er mei in pear stappen dwersoer it lân wer yn.
Noch efkes steane pake en Ruerd stil ferslein nei de brân te sjen. Heech boppe harren twinkelje miriaden fan stjerren. It liket wol, tinkt pale, oft de himel him neat gelegen lizze lit oan wat him hjir op ierde ôfspilet, oan it ûnk en lijen, dat Fryslân no driget te oerstreamen. Ja, dat sels waar en wyn meiwurkje moatte om de djipste ellinde te bringen oer it heitelân. Want dizze strange winter wurdt Fryslân’s ûngelok.
Mar nee, sa mei er net. Soe de Heare Syn bern ferjitte? Al dy tûzenen himeljovhtskes sprekke ommers fan Syn trou. Hjir kin Hy allinnich mar mear helpe, dy ’t waar en wyn yn hannen hat.
En pake syn lippen ferwege stil. Hy bidt, dat it waar omslaan mei.
Dan nimt er Roerd by de hân.
“Kom, jonge! Wy sille ús reemeitsje.”

                                2

In bytsje efterôf oan in reed yn Lamsterlân stiet in âld boerespul. Dêr wennet in jonge boer lykme – allinne. Hy hat nea net folle oanrin, as it moast wêze, dat Wylde Age op syn swerftochten ris oanstekt en in jûn mliuwt te praten. Age en hy binne fan âlds grutte spitsen. Fierder hat er in stil en iensum libben.
Mar dizze nacht is it in drokte fan belang op’e âld pleats. Oer ‘e daam is it in kommen en gean fan hynstefolk. Men heart razen en mâltjirgjen op hynders. Swiere learzens stampe op ‘e hurd beferzen grûn. Spoaren rinkelje.
Hja hawwe op dit âlde spul har kamp opslein, de ruters fan De Tassis. It efterhûs stiet fol hynders. En ek oan ‘e beammen yn it hôf binne se fêstbûn. Se steane te fretten fan in toppe hea.
Om in grut fjoer, dat heech oplôget, sitte se djip weidûkt yn ‘e swiere mantels, want de nacht is kâld en it friest, dat it ongelt. Oan in pear lânsen hinget in bluodrich stik kowefleis boppe in fjoer. De flammen slagge der omhinne. It moat bret wurde.
Underwilens docht de krûk mei waarm bier de rûnte. Hja hawwe gâns wille en snije wakker tsjininoarren op. Dit is in oar libben as yn dat deade Stienwyk. Dit is in gut en wyld aventoer. Hjir hawwe hja al lang op tidige. No kinne hja werris op ‘e âlde foet rôvje en plonderje en de fijân brânskatte.
Dy Fryske boeren sitte der goed by. In beropssoldaat, dy’t allinich fan syn sokdij libje moat, dat er fakentiids net ienris kriget, hat ut en troch sa’n fersetsje wol nedich. Dat komt him ta,
Dêrom hawwe hja it hjoed de dei ek sa skoan nei ’t sin. Hjirr sille hja op drinke en klinke! En der moat in lietsje by!
“Pedro! Wêr is Pedro? Hy moat sjonge!” ropt in rûge burdman. En dan begjinne se allegearre om it lûdst te roppen om Pedro.
Nije brânje wurdt op it fjoer smiten. De kowebout begjint al lekker te rûken.
Dan stiet ynienen in jonge yn it fermidden. It is wol in frjemde ein yn dit nyt, mids dy donkere soldaten, Want hy hat wyt hier en syn eagen binne blau.
Hy fielt him hjir lykwols wol thús. Dit libben is er wol wend. Nimmen fan ‘e soldaten wit wêr ’t er wei komt. Op in goede dei, doe’t er noch helte lytser wie, hat Pablo, de âlde snor- en burdman, him yn ‘e soldateherberch op é tafel setten en sûbt is er altyd by harren bleaun. De âlde skierkert spilet sa’n bytsje de heit oer him en de oerste, dy’t de jonge graach lije mei, hat him ta syn skyldknaap makke. It soldatefolk hat him de lange winterjûnen yn ‘e herberch alle sankjes keard. As hja lykas no infleurich sin hawwe, moat er sjonge,
“Pedro, sjong!”
Dan hellet Pedro út. Mei syn jonge kleare stimme zet er in âld soldatesankje yn. In fleurige deun en de oaren falle him sa en dan mei har rouwe swiere stimmen by.
Yn it foarhûs stiet oerste De Tassis by it fjoer, dat ûnder de brede skou oanlein is. Hy harket nei it sjongen fan syn soldatefolk dêrbûten yn it hôf. O, dat is Pedro fanselfs wer. In glimke krôlet oer syn antlit. Hy mei der wil oer. It is wol goed sa. De fleur moat der mar yn. Strak moatte hja wer yn ’t seal.
Lang wol er hjir net bliuwe. It is no ommers de gouden oere. Men moat it izer smeie as it hjit is. Hy sil no syn slach slaan. Unferhoeds dat Geuzefolk op ‘e hûd springe. Hiel syn soldatemacht hat er ûtrist foar dizze grutte tocht. Sels stiet er oan it haad fan sa’n seishûndert man hynstefolk en de beide jonge Greven van den Berg binne op mars mei in foech tûzen fuotfeiten.
Tsjinstân rekkent er amper op. De nije skâns by De K
Limmer hat er lizze litten. It Fryske regiment fan it Prinseleger leit yn Ljouwert. De Grave Willem Loadewyk sit heech en dreech yn Hollân.  Moaier kin der nea op wierje.
“Oerste!”
Der Tassis draait him om.
Dêr steane twa kriichsteinten, mei tusken harren yn de jonge boer fan it spul. Hja hawwe im fûn op ‘e heasouder , dêr’t er wei krûpt wie.
De oerste sjocht de man ris op en del oan. Meastenstids hat er net folle omslach en makket er koarte metten. Mar der sjit him wat troch de holle.
“Lit dy boer los!”
Der ktûchsfeinten doggei t.
De jonge boer sjocht ferheard op. “Jo libben sil sparre bliuwe, “ seit De Tassis.
Hy wachtet efkes.
It is de finzene oan te sjen. Dat him dizze wurden as muzyk yn ‘e earen klinke. Hy fleuret der alhielendal fan op.
“Mar op ien betingst.”
Efkes lûkt der in skaad oer it antlit fan de Fryske boer. Hy hat it net op dy Spaanske betingsten.
“Jo binne hjir goed thús yn dizze kontreien?”
 De boer knikt fan ja.
“Witte jo it koartste paad nei Drylts?
Ja, dat wit er. Mar wêr wol dy Spaanke legeroerste dochs hinne? In bang fermoeden wurdt yn him wekker.
“Wel”. seit De tassis, “koart en goed. Jo wize ús dat paad en jo binne frij man.”
It is de jonge noer, as kriget er in slach foar de holle. It leste strieltsje ho dat er hie, dôvet.
It bloed jaget him nei it antlit. Dat is dus it Spaanske betingst. Mar dy priis foar syn libben is him te heech.
It bliuwt in amerij stil. De Tassis wachtet op andert. Fan bûten komt in fleach fan in skelle jongensstim, flarden fan in âld soldateliet. De jonge Fryske boer lit syn eagen troch it foarhûs dwale. It is oft er ôfske nimt fan alle him sa bewende dingen ut it âlderlik hûs.
Dan stoareaget er in amerij troch de lytse finsters yn it donker fan ‘e nacht. Beweegde him dêr wat foar de glêzen?  Mei sjocht er de Spaanske oerste lyk yn ’t gesicht.
“Nee” , zeit er heas, “dat doch ik net. Ut noch yn net?”
Dûm is De Tassis. Hy stoot op. Sil sa’n boer him de foet dwers sette? Dan oane é beam der mei.
Hy wol roppe: ”Hingje dy keardel op, “ mar de wurden bliuwe him yn ‘e kiel stykjen. It rût fan it opkeamersfinster falt rinkeljend yn splinters op ‘e flier. In kalde wynpûst blaast oer it foarhûs.
Mei in pear stappen is de Spaanske oerste by it stikkene finster, mar hy kin neat gewaar wurde.
Dit barren rêdt de jonge boer it libben. De Tassis hat him betocht. Hy sil dy boer noch efkes tiid jaan him te berieden.
“Byn him en set him yn it weinhok”, is syn kommando. De beide soldaten slepe de jonge boer fuort.

                                    3

Op wat strie hawwe ze him delsmiten. De hannen binne stiif op é rêch bun en ek syn fuotten sitte fêst.
Yn it hôf heart er it mâltjirgjen fan ‘e healdronken soldaten, dy’t bier krûk flink oansprekke. En sa no en dan de stap fan in soldaat, dy’t foar de doar fan it weinhok de wacht hâldt. Hy hat al withoefaak besocht om mei syn tosken by it tou te kommen, dat him djip yn ‘e ankels weiskaaft. Mar hoe’t er him ek wart en yn hokker bochten oft er him wringt, hy kin der net bykomme. De nekke en de skouders dogge him sear fan it wramen.
Efter ‘e pust leit er no still en wurch yn it strie. Mar syn holle bliuwt koartseftich wurksum. It iene nei ito are giet him troch de gedachten. Hy piniget him alles ôf om der wat op te finen om los te kommen. Los! Dat betsjut de frijdom ……it libben! En wat sil in minske net dwaan foar syn libben?
Hy rydbosket as er deroan tinkt, wat him strak te wachtsjen stiet. Moat syn jonge libben sa in ein nimme?
Triennen rôlje him oer de wangen. Der sil in wûnder barre moatte en oars …..
Ut ‘e djipte fan syn leed kliuwt in stille bea omheech om ûtrêding, in skreau om help.

“Rsssst! Rsssst!”
Wat is dat? Hij draait de holle om en besiket mei syn eagen troch it tsjuster te boarjen. Wat is dat foar in lûd en wêr komt it wei? Hy hat it him krektsa ek al ferbylde, dat er wat hearde.
Au, de touwen skave en knipe al djipper wei yn syn polsen.
“Rsssst! Rsssst!”
Hark, dêr is it wer. It komt boppe wei. Krekt as sit der in rôt oan it reiden tek fan é skyuorre te teppen.
“Rsssst! Rsssst”
Keardel wat tept dat bist der yn om. It is fêst in grouweniem. Wer besiket er mei de eagen troch it tsjuster te stoarjen nei it stee, dêr ’t it iderkear klear weikommen heart. Minsken, der koe al wol in gat yn it tek sitte! It is ek sa. Hy kin de stjerren dertroch sjen.
Nuver!
En dat roppen hâldt noch mar oan.
“Rsssst! Rsssst!”
It giet mar oan ien sike wei troch. En it gat wurdt al grutter, al wider.
Dan …..Hu kin it wol ûtraze.
In hân! Hy hat de fingers klear sjoen.
Der daget befrijing! Der sit immen op it dak, dy ’t him helpe wol.
Tagelyk sjocht er in skym fan in holle en heart er in stim, dy ’t him talústert: “Beard, bistû dêre?”
Hy wol roppe: ”Ja, hjir bin ik.”Mar hy kin neat sizze. It kroppet him yn é kiel.
It reidteppen begjint wer fannijs. Noch fûleindiger, moch hastiger. Mei hânfollen stoot it reid nei ûnderen, falt risseljend om him hinne. Stof dwarrelt him yn é knipperjend eage.
Efkes letter is der in gat, dêr ’t bêst in man troch kin. En dan……dan komme twa skonken nei ûnderen, in lichem, in holle ….. Neist him stiet immen mei in mes yn ‘e hân. Ik giet no alles yn omsjoch. In pear halen. De touwen binne trochsnien. De finzene is frij.
De jonge boer wol rimpen oerein springe, mar syn maat triuwt him del en lûster him ta, dat er sa stil mooglik wêze moat.
In hert slacht de jonge boer reder. Dy stim? Dy ken er ut
tûzen. Dat is …. syn freon. It is Wylde Age. No sill alles goed komme!
“Wy moatte troch it gat yn it tek, “ lûstert Age. ”Gean my bokstean. Dan krûp ik der earst troch en dan sil ik dy helpe”.
Hoeden komt de jonge boer oerein en giet krom stean ûnder it gat. Mei in wip sit Age him boppe op ‘e rêch, slacht de lange earmen ût om ‘e râne fan it tek en yn minder as in tel sit er wer boppe op it dak.
“No du!”
De boer giet oerein en meiiems fielt er in pear oersteke knûsten. Hy wurdt safier optild, dat er de earmen troch it gat wrame kin. Dan noch in setsje en hy sit neust syn freon.
In amerij letter glide hja oan ‘e sleatskant hoeden by it reiden tek del.
Dan steane se op ‘e grûn.
“Wachtsje efkes,” seit Age. Hy glûpt as in kat om ‘e hoeke fan it weinhûs.
In toarntsje letter wurdt der ‘ut lân, efter it weinhok ût, sêft floite.
Dat is Age! Tinkt de jonge boer en hastich makket er, dat er fuort komt.
Op it lân fynt er syn freon mei in hymder oan ‘e leie. “Spring der op. “ hjit dy, “ en ryd daalk nei Ljouwert. Doch de Steaten tynge fan wat hjir yn Limsterlân bart.”
“En du?” greget de jonge boer.
“Ik sil mij wol rêde,” andert Age. “Ik haw de redens ûnder en sil de lju te Drylts warskôgje.”
“Wêr sjogge wij inoar dan wer?”
“Yn it Prinseleger. “
De jonge boer knypt Age fûl yn ‘e hân. Hy kin wol laitsje en skrieme tagelyk. Dan springt er syn it seal, set de guds des knibbels yn ‘e side en is mei gauwen wei yn ‘e nacht.
By in p[feartsje bynt Age de redens under en streket mei lange halen it noardwesten yn.

It setsje letters is it Spaanske kamp slim yn ûnstjoer. De oerste ist poerrazend. It weinhok wie leech. De fûgel wie oer it net flein. En Predo siket en floitet oan syn swarte.
Mar it is allegear om ‘e nocht. It hynder is en bliuwt wei……

                                        4

De oare deis, let op ‘e neimiddei, boldert oer de hege Himdyl, dy’t him yn alle bochten slingert troch it lege greidlân, dat no rûnom ûbder wetter strûpt en ien wide ijs- en snie flakte is, in oploege boerekarre.
Sa no en dan, as in tsjil weisakket yn ien fan ‘e djippe hurbeferzen weinspoaren, hinget de wein alhielendal oerside. Dan hawwe beppe Liuwk en Ruerd hâlden en kearen om sitten te bliuwen en der net of te roljen.
Neist de guds, dy’t de waarme wite damp fan ‘e lea slacht, bokselt pake Gjalt troch de snie. Hy fitert allegeduerigen it hynder oan. De wollen mûtse hat er djip oer de earen,
Soms bromt er yn himslefs. Want pake is wat brimstich. Om him hiene se nei Sleat ta gongen. Dat wie tichterby. En feilich ek, want Sleat hie fersterke wâlen. Mar beppe hie it oars yn é holle hân. Hja woe it noarden yn. Want hja hat noch in broer wenjen yn Boksum, tichte by Ljouwert. En leaver as by in frjemd ta te hâlden is hja ûnder eigen folk. Dat doe hat pake: “Dan earst nar op Drylts oan.”
Skrousk sitte beppe en Ruerd, in bytsje yn it neskûl yn it beskûk fan in âld kowetekken, boppe op wat bêdguod en liifdracht. Beppe hellet sa no en dan de wollen omslachdoek wat oen, want de wyn blaast har hjir op dy hege dyk suver dwers troch de klean hinne. Ruerd hat knoffelige hannen en knypt syn fingers sa stiif tusken beppe har eigen rimpelige hannen, as sie hja se nea wer loslitte. “Beppe”, freget Ruerd, “beppe, wêr geane wy hinne? Binne wy der hast?”
Dûnt fan ‘e moarn hawwe hja al ûnderweis west. Hy hat it kâld en de nage him te jûkjen,
“Ja, stil mar, myn jonge. Wy geane nei Drylts.”
“Drilts?”seit Ruerd. Hy hat der gjin aan fan wêrsanne dat is. Hy ken alinnich mar it âlde doarp, dat hja fan ‘e moarn ûntflevhte binne.
“Is it net fier mear, beppe?”
“Nee, myn jonkje. Sjoch, dêr is de toer.”
Bij beppe har finger lans digert Ruerd de greiden oer. In pear skierroeken fleane krassend op fan ‘e dyk en strike in eintsje fierder yn ‘e snie del.
“Komme wy dan frjemde minsken, beppe?”
“Ik tink it wol, jonge”.
“Is it dêr waarm, beppe? En krij ik dan iten?”
“Ja hear?”
Beppe hellet him efkes oan.
De tsjillen rôlje kreakjend fierder oer de hege dyk. Al fierder fan hûs en hiem …..
Skerp komt beppe alles nochris foar it ferstân. Al dy drokte fan ‘e moarn. Dat jachtsjen om mar gau fuort te kommen. Hoe ’t hja alles efter litte moasten en sûnder te witten, wêr ’t hja krekt bedarje soene, binne hja de wide wrâld yntein. Wat muat in minske al wat meimeitsje. En dat yn ‘e winter!
“Myn leave jonge,” seit beppe novhris.
Hja moat der net oan tinke, dat it boike yn ‘e hannen falle soe fan dy wylde rabouwen. Har âlde hannen trilje. Wat al stoarmen binne der oer har kape gien! In bloedeigen suster hat hja te Ljouwert litten ûnder beulshannen. Hja wie de “nije leare” tadien en is ‘e ynkwisysje ophelle om foar it leauwe te sjerren. En doe _ letter _ is dat oare fersklike bard. Har soan, dy’t troud wie en sa lokkich libbe mei syn wyfke en twa lytse, hie op in dei syn frou fermoarde fûn yn e hûs. De kasten wiene iepenbrutsen en alles oeral helle. Ite lytste jonkje hie yn ‘e krêbe lein te slomjen. It oare, dat wat âlder wie, hie nearne te finen west. Buorlju wisten te fertellen dat in troepke Spaansk hynstefolk dy deis op iy spultsje west hie.
Hy hie _ alhiel oerstjoer _ de lytse boi by pake en beppe brocht en sels wie er fuorttein, de wide see op. Want hy hie it net úthâlde kinnen yn it âlde gea. Nea hawwe hja letter mear fan him heard.
Yn hjerstnachten, as stoermfleagen om it hûs binne gûlden, hat hja faak wekker lein en foar him bidden. Hoefolle wiene der net, dy ’t yn sa’n stoarm bleauwen! Wa wit, libbe er net iens mear en hie er in grêf fûn yn it donkere swalpjende wetter, fier om utens. En no moat hja dit belibje op har âlde dei. Hja skoddet de holle.
Djippe fâlden lûke oar har antlit. Har hier is griis wurden. Yn alle leed en noed lykwols hat hja treast en stipe fûn yn it leauwe, Ek no hat dat har en it fêst Godsbetrouwen hat har net ferlitten. De Heare sil soarge.
“Fuort!” ropt pake heas. Noch in lyts eintsje. Dan binne hja te plak.
As de wein, begrappe fan in kloftsje bern, dy’t by de brêge tahâlde, ratteljend de grute wipbrêge oer de stedsgrêft oprôlet, sjit der in jongkeardel op harren ta.
Hy pakt it hyndetr by it bekstel.
“Ho!” seit er.
De wein bliuwt midden op ‘e brêge stean.
“Wel”, ropt pake, “wel, dêr hawwe wy Age, sawier!”
“Ahielendal,” seit Age. “Dat hiene jimme net tocht, wol?”
“Nee,” andert pake, “dat hiene wy grif net tocht!”
En beppe freget: “Hoe komme jo hjir?”
“Op redens! Ik bin hjir al in setsje. Ik haw de Dryltsers warskôge. De Spanjert is ûnderweis hjirhinne.”
“Wat seiste?” ropt pake. “Wat seiste? Komme se hjirhinne/”
En dan tsjinn belppe: “Dêr hast it gemaal al. Hie myn sib nar dien, dan hiene wy no feilich en wol yn Sleat sitten. Jimme ek altyd mei jimme fratsen. No tochten wy de fijân te ûntrinnen en wy rinne hjir as in mus un ‘e falle.
Age kin it net helpe, mar hy moat der om leitsje.
“Gjin noed, pake,” zeit er. “Der Dryltsers binne wach. Sjoch mar.”
Op it iis yn ‘e stedsgrêften binne de manlju al drok yn it sper. Mei bilen kapje hja it iis oan skossen en oaren binne dwaande dy ut it wetter te fiskjen en op ‘e wâl te slepen. “As de Spanjert komt, sil er earst noch oer de grêften moatte.”
De keattings fan ‘e brêge rattelje en de brêgeman skreaut: “Oanmeitsje! Fan ‘e brêge of mei dy wein!”
“Krekt op tiid binnen!” laket Age, “De brêge wurdt al ophelle. Der kin gjin kop moar ut en der komt ek net in kop mear yn. Dêr kin De Tassis amen op sizze.”
Ruerd sit boppe op ‘e wein, as de guds wer oanlûkt. De stringen lreakje, de tsjillen begjinne te draaien en ratteljen rôlet it reau oer de brêge. Hy sjocht him de eagen ut ‘e holle.

                                       5

Pedro begrypt der neat fan. Syn hynder is poater. Mar hy hat al wer in oareniem. Dit is de earste tocht dy’t er meimakket. Wat hat er yn ‘e soldateherberch yn Stienwyk faak mei sân pear earen harken ei de ferhalen fan âlde betûfte soldaten, mei groeden yn ‘e giele troanje, as hja fertelden fan de tochten, dy’t hja sa foar en nei al makke giene, fan de aventoeren, dêr’t soldatelibben faak sa ryk oan wie.Der wiene guont by, dy ’t Oeral yn‘e wrâld wol west hiene …..
Doe wie yn Pedro de langst groeid, om ekris sa’n aventoerlike tocht mei te meitsjen. En no is it dan sa fier. It begjint der daalk al op te lykjen. Want de oerste hat de jûns, nei’t syn hynder weirrekke, it kommandao jûn om yn it seal te springen.
Om middennacht soene hja op Drylts losgean, it Fryske stedsje, dat de oerste besykje wol te oerrompljen en ûferwachts un te nimmen.
Neist de oerste sit Pedro rjovhtop yn it seal. It hynsteriden hawwe de soldaten him wol leard. Hy kin it as de bêste. Hja ride oan ‘e kop en efter har heart er it snuven en stampen fan ‘e hynders fan de oaren, dy’t twa oan twa as in lange, lange slinger oer it stille fjild kronkelje.
Sa’n nachtlike tocht is krekt wat foar Pedro. Wylst er yn ’t seal sit, dreamt er al oer de grutte dingen, dy’t er strak meimeitsje sil ……
Brokstikken fan ‘e ferhalen yn Stienwyk spylje him troch it sin. De grize us him dêrby wolris oer de grouwe gongen. Want hy hat ek heard fan wreedheden, dy‘t de soldaten wol úthellen. Dingen, dy’t er him nea net rhocht begripe kinnen hat.
Wat him ek moai taslike yn it soldatelibben, it wie net it fermoardzjen fan warleaze froulju en bern. Nee. in echte soldaat moast krekt dy warleaze minsken beskermje, tocht him. Dêr wiene hja dochs foar? Krektas de ridders yn ‘e âlde sêgen. Dat wiene helden. Dy fochten tsjin fjurrige draken. No!
Hû, wat is dat? Dêr wurdt er dochs suver efkes kjel fan. In wyt ding stoot tusken de poaten fan syn hynder troch, dat ynienen in sprong fansiden makket. O, it is neat! Grif in harmeling.
Nee, sa dreamt er fierder, nee, hy wol in echte soldaat wurde. Krekt as ……as âlde Pablo. Pablo is gjin rîver en gjin moardner. It is wol in âlde fjoerfretter. Omraak. Dêr wit dy soldaat, dy’t no oan ‘e oare kant fan ‘e oerste rydt as paadwizer fan mei te praten. Slûge Pier neame se him, want hy hat fan dy glûpske eagen yn ‘e holle. It moat in Fries wêze, sizze se, mar as alle Friezen sà binne as hy, dan is it net folle brets.
Hy, Pedro, hat it neat op him stean. It leafst bliuwt er him ût ‘e wei. Hy hat de man nea in strie dwers lein, mar Slûge Pier hat it, salang as er him no kennen hat, jimmeroan op him foarsjoen jân. Nuver is dat, want hy wit der gjin reden foar.
Ienris_ de grize giet Pedro noch oer de grouwe as er deroan tinkt_ hat er him sels mei in mes te liif wollen. It wie yn ‘e soldateherberch. Healdronken wie Slûge Pier op him tasetten kommen. Hy hier roppen: “No sil ik dy oan it mes riuwe, dû lytse njirre!”
Alde Pablo hie yn hoeke sitten te dobbeljen. Doe’t dy yn é rekken krige, wat der geande wie, hie er sa ynienen foar Slûge Pier Stien en him in slach op é earm jûn, dat it mes oer de grûn klettere.
“Bliuw fan dy jonge ôf!” hie er sein. “Weagje it net en stek in hân nei him ut. Dû bist warskôge ….. moardner!”
By dy wurden wie Slûge Pier sa wyt as sûpe wurden. En stammerjend hie er sein: “Wat witstû…..” “Mear as dy leaf is,” hie âlde Pablo andere. Sûnt hie hy, Pedro, gjin lêst wer fan Slûge Pier hân, mar wol soe er it nea ferjitte mei hoe’n deadlike hate dizze Fries him oansjoen hie. Nee, yn dy glûpske eagen hie net folle goeds te lêzen west, Hy moast him mar wat foar dy man mije. Lokkich dat âlde Pablo dizze reis ek meisongen is …
Meiiens skrillet de jonge op ut syn tinzen. De hynstepoaten ploffe op it snietek del. Dwers oer greiden en sompen, puollen en fearten giet it al fierder it noardwesten yn.
Wêrsanne soene hja hjir wêze. Hja hawwe al in pear oeren yn it seal sitten.
Hy sjocht om him hinne. Oan ‘e easterkym begjint de dage al te rizen. It sicht oer it fjild wurdt rommer. It is as dûkt der skean foar harren yn é fierte in toer op. Soe dat faaks it doel wêze fan ‘e tocht?
Hy hat it net mis,
Slûge Pier wikselt in pear wurden mei de oerste. Neffens wat Pedro der fan opheint, binne hja ticht by Drylts.
De oerste hâldt syn hynder yn. Mei docht de Hiele kliber it ek. De tassis hast syn plan al ree. Hja sille strak de stêd fan trije kanten berinne. De grêften lizze faaks wol tichtferzen en dan sil net folle muoite kostje om yn ‘e stêd te kommen. Mei in oere is alles beslikke.
Kommando’s geane de rigen lans. De kliber ferdielt him yn trijen. As de findels klear binne en elk syn plak wit, set alles him wer yn beweging.
Pedro’s eagen begjinne te skitterjen. Strak sille de trommen roffelje. En as oerwinners sille hja dan de stêd ynride …..

                                         6

Drylts en it wetter hawwe fan âlds altyd freonen west. It wetter ommers hat Drylts ieuwen troch in drokke nearing jûn. Gewoane dagen is it der ien en al fertier. Op ‘e skipshellingen, yn ‘e mestmakkerijen, op ‘e toupluzerijen, en al sa mear. Hoefolle skippen wurde hjir net boud. De Dryltsers binne ferneamde skipsbouwers. Hja libje op en by fan it wetter.
Mar soms kin it wolris eangstich wêze yn sa’n wettergat. Sa yn ‘e lette hjerst, as it opsetten komt oer de lannen en oerenfier yn ‘e omkriten alles der ûderstrrûpt. It hat wol west, dat de minsken dan op ‘e souder wenje moasten, want alle strjitten stiene blan. As de hjerststoarmen bylje en it swarte swalpjende wetter heech opjeie, dat it skom op ‘e weagen stiet, ja, dan hawwe hja wol nachten, dat se gjin wink yn é eagen krije ….. Mar dat bart net safaak. De Dryltsers fiele har meastal feulich mids al dat wetter. De grêften binne breed en djip. En dat is wat wûn yn ûnrêstige tiden.
Dizze nacht lykwols binne der net folle, dy ’t de sliep krije yn Drylts.
De grêften lizze lokkich iepen. Mar si lek diskear it wetter har byspringe oangeande it Spaanske geweld?
Ruerd hat lekker slept op it frjemde bêd. Dochs is er al yntiids wekker en as er Age oanklaaid sjocht mei de bearemûtse oer de earen, dan stiet er aã neist it bêd en hat er yn in omssjoch de klean oan.
“Wêr sil Age hinne?”
“Nei de toer.”
“Earst beppe frjeegje!”
Op in draaf is Ruerd werom.
“Beppe wol it wol lije, ropt er..
“No, kom dan mar.”
Mei har beiden stappe hja de stoepe fan it weardshûs del.
Drylts is in aardlich stedsje, tinkt Age. De Ie streamt der troch en oan beide kanten binne de huzen ticht opinoar boud. Twa lange strjitten, hjir en dêr troch brechjes meiinoar ferbûn.
Under de keale linebeammen las sette hja op é toer ta. Dêr sitte in pear wachten. Dy moatte útsjen en de klok klippe as der ûnrie is.
Age is tige benijd oft de Spanjert dyn plan trochsette sil. Hy hat it dochs wol goed ferstien justerjûn by it finster fan de âld pleats.
De swiere toerdoar is los. Age triuwt him iepen en dan komme hja ûnder in skimerich ferwulf. De eagen moatte efkes wenne.
Dan sjocht Ruerd in ljedder.
“Dêr moatte wy by op, “ seit Age. “Dy goed beethâlde, hear, en net misstappe.”
Age giet foarop, Ruerd klimt him efternei. De ljedder komt ut op in souderke. En dêr is wer in ljedder….. Hja klimme al mar heger. Treoch de kloksgatten yn ‘e tsjokke muorre blaast de wyn. In opjage fkearmûs fladdert abgstich om harren hinne. It is gans in klim. Hoe heech mei sa’n toer wol net wêze? tinkt Ruerd. Hy hat wolris on roekenêst úthelle yn hege beam, mar dit is folle heger.
“Pas op, hear!”
Dêr is wer in souderke.
“No noch ien trep,”seit Age.
Dan komme hja boppe op ‘e omgong, dêr ’t de swiere klokken hingje. De wyn beart hjir troch de galmgattten, as woe er mei alle geweld dy dtomme, stille klokken oan ‘e gong bringe. Mar dy hingje ûnbeweechlik oan ‘e gong bringe. Mar dy hingje ûnbeweechlik oan é grouwe balken.
Ruerd triuwt der ris oan. Brr….. wat is dat spul kâld. “Moarn!” winsket Age de wachten. “Neat te rêden?”
“Noch net!”
Hjir is nei alle kanten in rom ûtsjoch, withoefier de wytbesnijde lannen oer.
Ruerd giet op ‘e teantsjes stean en kipet ris oer de stiennen râne. Dêrûnder leit it stedsje. It is krekt in boudoaze. It hat wol wer ferzen. Oer de grêften leit al wer in tin fluseke iis.
Age digert it fjild oer, it sûdeasten yn.
Ynienen kriget er ien fan ‘e wachten by de earm. Syn skerp jagerseach hat wat sjoen.
“Sjoch, dêre! Dêr beweecht him wat oer it fjild.”
Mei oandscht steane hja dy kant oer te eagjen.
“Hynstefolk,” seit Age dan. “Hja komme hjir opta.”
En ja. Yn ‘e fierte sjogge hja in lyts swart slankje in keppel hynstefolk oankommen. Dat is de Spanjert.
“De klok!” ropt ien fan ‘e wachtlju.
Hy fljocht by de trep del nei ûnderen en in amerij letter…..dêr begjint de lytse klok, de needklok, te bingelken, al hurder en hurder. Hy swypket hinne en wer en dan begjint er te klippen, fûl en hastig. Mei syn metalen stim ropt er de Dryltsers te wapen. De fijân is op komst.
Ruerd hat him ek by it ljedderke delglide litten.
“Sil ik helpe?”
De man oan it swypkjende klokketou sjocht op.
“Pak mar oan!”
Dat lit Ruerd him net twaris sizze. Hy lukt wat er lûke kin.
Age is boppe op ‘e toer bleaun. Hij is benijd, hoe ’t dit ôfrinne sil. Syn eagen litte it Spaanske hynstefolk net los. Hy sjiocht, dat der trije findels foarme wurde. Hja binnen o net fier mear fan ‘e stêd of. Trompetters ride foarop en hja sette it koperen ynstrumint oan ‘e mûle.
Troch de winter moarn skettert it oafalssignaal. En dan is Age de tsjûge fan in toaniel, dat er syn Hiele libben lamg net ferjitte sil. De Spaansken lykje te mienen, dat de grêften ticht lizze. Hja komme yn in wylde draaf opsetten mei de losse leie. De snie stoot withoeheech. Donker en rochtop sitte de keardels yn it seal, as wiene se der yngetten. De grûn dreunt 6under de hynstepoaten…….
En wylst de klok al mar klipt, bûcht Age him fier oer de stiennen râne fan ‘e toer, om mar neat te missen. Dêr komme se oan. Hja jeie flak op é grêften oan en der giet al in jûchei op yn ‘e rigen fan ‘e Spaanske ruiters, as hja ticht oan ‘e grêft binne. De poaten fan de foarste hynders ploffe al op it iis….
It is mar in tin laachje. It tebroazelt ûnder dat swiere gewicht. Hynder en man, de iene nei de oare, sjitte sa troch it iis hinne, want de oaren kinne sa gau net mear swinke.
It wetter spat heech op. De hynders, dy ’t al djipper weisakje, skuorre de koppen wyld omheech mei wiidiepen noastergatten.
It wurd ien grutte tizebosk, ien kleaune fan hynders en minsken. It giet op in razen en flokken en njonkelytsen klauwe se wer by de wâl op, ûnder de dridze en blaumodder en it wetter rint harren ta alles ût.
Age fermakket him kostlik. Hy wriuwt him yn ‘e hannen. Nee, as dy Spanjert Drylts hawwe wol, moat er it al oars besykje. Dan moat er omsjen nei boatsjes en preammen en dan moat er fjochtsje. Wat tinkt er? Sa maklik sil it net gean!
Oerste De Tassis hat al gau yn ‘e rekken, dat it mislearre is. Hy mei op hege toan de stêd opeaskje litte, it jout jim neat. De Drultsers laisje him ut. De brêge is en nliuwt omheech.
De Spaanske oerst moat belies jaan. En hy jout it op. Wol spoekje de Spanjerts noch in tiidlang om é stêd hinne, mar op ‘e neimiddei sette se of, we rit suden yn….
Dan liede de klokken wer. Mar no bromt ek de grutte liedklok mei en hy ropt it folk, dat op sa’n wûndere wize ûntkommen its oan it Spaanske geweld, mei swiere djippe stim op om de Heare te tankjen foar syn hoede en genede……
Doch bliuwe de Dryltsers wach. Want men kin it ommers nea witte!

                                                 7

Greve Willem Loadewyk, krekt werom fan de ynhuldiging fan Leizester yn Vlissingen en Den Haach, sit yn ien fan ‘e sealen fan it Prinslik hof te Delft by syn neef Prins Maurits. Tusken harren yn stiet in lyts taffeltsje. Dat taffeltsje stelt in slachfjild foar. It is besiedde mei lytse tinnen soldaatjes en op dit slachfjild skowe se al mar hinne en wer…..
De neide mannen hawwe der trochstrings alle stúdzje by. Hja dogge dot wol mear. It is mar gjin berneboarterij. Net mar allinne in spultsje foar tiidferdriuw. Nee, beide legeroersten wolle it eigen leger al mar mear ferbetterje en as hja har bûge oer it taffeltsje mei de tinnen soldaatsjes, dan fiskje se ut, hoe ’t hja it beste de eigen troepen opstelle kinne, as strak de striid mei de Spaansken yn it iepen fjild wer losgiet. Hja studearje kriichskunde.
Foaral Willem Loadewyk is dêr thús yn. Hy wit der folle mear fan as de jonge Prins Maurits. Dy moat it oanfieren noch leare.
Willem Loadewyk hat der tige nocht oan en lis him de dingen út. Want sels giet er der tige yn op en Prins Maurits – dat docht al bliken – is in goede learling. Hy libbet der hielendal yn en hat noait better syn slinger as krekt yn dit oerke.
Letter …… ja, dan sil de hiele wrâld fan him sprekke. Dan sil oeral  frjemdlingen yn syn leger komme, om him de keunst ôf te sjen. En dan wit de Spanjert der al fan mei te praten, dat dit soldateboartsjen net om é nocht west hat.
Mar dizze middei wol it net rjocht.
Greve Willem Loadewyk is der net mei al syn oandacht by. Sa no en dan giet er oerien en dan skôget er troch ien fan ‘e lytse leaden finsterkes de frauwe winterloft.
Prins Maurits hat it skoan yn ‘e gaten. De Greve hat wat dat him pleaget. Hy is net by it spul.
Ynien skoot de Prins it taffeltsje oan kant.
“Lit ús mar ophâlde,” seit er. “Jo hawwe der net folle stúdzje by fernim ik wol.”
Willem Loadewyk laket en rekt him ris u
út. “Men wurdt sa stiif as mens sa lang foaroer sit.”
Hy is oerein gongen, trêdet de seal op en del en bliuwt dan wer foar it hege smelle finster stean, dat útsjocht op é grêften fan Delft. Dêr binne in pear bern mei sliden op it iis ……
Dan draait er him om en strykt mei de hân troch it brune burd. “Der sit gans froast yn ‘e loft.’
“It wurdt in strange winter,” andert Prins Maurits. “Der grêften hâlde al.”
“Ja,” seit Willem Loadewyk, “dy hâlde al. My tinkt, yn Fryslân sil alles ek al wol ticht lizze.”
“No,” freget Prins Maurits, dy’t al yn ‘e gaten kriget, wêr ‘t de Greve syn gedachten hie, “wat soe dat?”
“Fryslan hat altiten sterk west troch syn wetter,”seit der Greve en hy sjocht de Prins oan mei syn stielblauwe eagen.
 en. “Mar leit alles ticht, dan leit it iepen en bleat foar elke ynfaller.”
“Tochten jo dan dat de Spaansken ……” falt de Prins hastich yn en syn donkere eagen fûnkelje.
“Dat tink ik net allinne, mar dêr bin ik wol wis fan. En dan sil Fryslân in swiere winter te mjitte gean …..” Hy zwijt efkes.
“Och,” mient de Prins, “sûnt jo dy nije skânsen oanlein hawwe en dêr folk yn leit, sil de Spanjert him noch wolris betinke.’
“Ik bin der lang net wis fan.” Willem Loadewyk giet wer sitten. “It leit my de leste dagen mar sa by, dat hja it wol dwaan sille. De fijân zil grif syn trekken waarnimme. Ik moat der net oan tinke, hoe’n ramp dat wêze soe. Ik kun it hjir, rjochtút sein, net langer bankje. Ik móát  nei myn folk. Dêr is myn plak.”
“Dan moatte jo gean.”
“Dat bin ik ek fan doel,” andert Willem Loadewyk. “Moarnier reizigje ik of.”
“Oer Inkhuzen?”
“Oer Inkhuzen. It is de koarteste en gaadlikste wei.”

Dy moarns is der noch in skip binnenfallen yn Inkhuzen. It wie op ‘e weromreis fan ‘e Eastsee en hie in lading nôt en hout yn. Midden op see wie it ek troch de strange winter oerfallen. Alle seilen moasten byset wurde om noch krekt op tiid de haven yn te rinnen. Want it wie al allegearre grûniis yn ‘e Sudersee en as it noch egkes oanhâlde, soe de see hielendal tichtsitte.
De touwen binne wytberipe en oan ‘e boech glinstert it iis, as it skip yn ‘e haven de ankers falle lit. De stjoerman, in l
keardel as in beam, sits wier yn it burd. Syn fel is br’n en bebiten fan it sâlte seewetter. It is ien fan dy keardels dy’t al mar weroan it seegat ûtsette en fiere reizen dogge oer frjemde seeën. Ien fan it slach, dat de lytse lannen by de see ryk en grut makke hat.
Hy stiet op ‘e kampanje en lit syn eagen gean oer alles. Earst as it skips stevich oan de ankers leit, ferlit er syn post. Hy ferdwynt yn ‘e kajût fan e’skipper.
“Wy lizze oan ‘e wâl, skipper.”De skipper sjocht op. Hij is dwaande it skipsjournaal by te wurkjen.
“Moai, “ seit er. “Dast is krekt op tiid!”
“Sa is it,” andert Wytse Liuwes, de stjoerman fan ‘e “Mieuw” . “It grûniis begjint al te sjitten. Kinne wy losse?”
“Ja, begjin mar te lossen,” seit de skipper.
Dan bûcht er him wer oer syn papieren. De pinne krast ….
Wytse Liuwes wol it trepke wer opgean nei boppen ta. “Stjoer!”
De skipper ropt him werom.
“Ja? “
“Harkis, Wytse Liuwes,” seit de skipper dan en hy klaut yn syn stikelich Piper- en sâltburdssje, “bliuwe jo der by, dat dit jo leste reis is mei de “Mieuw’?”
“Myn leste reis.”
“Hum ……..”brimt de skipper, “Ik hie sa’n hoop, dat jo jo nochris betocht hiene.”
“Skipper, ienris swein, bliuwt sein.”
“Mar man ,,,,,jou dochs de brui net oan it seemanslibben. Wy hawwe it altyd goed neiinoar fine kinnen. Wolle jo net noch foar ien reis meunasterje?”
Wytse Liuwes glimket. Hy ken syn skipper wol. Sa taai as hier. Hy lit nea los.
“De ‘Mieuw’ is in merakels moai skip, “seit er dan ”It falt my swier der fan te skieden. Witte jo noch dat dy kaper ús neisiet? Hy tocht ús te besilen. Ha?
Ha! Wat snijde de ’Mieuw’ de weagen. It kaperke koe ús wol neisjen. Hy hie gjin grevel kans
De skipper wit it ek noch wol. Tsjonge, wat hat er doe in noed stien foar skip en lading. Mar mei Wytse Liuwes oan it roer ……
“Dêrom krekt wol ik jo sa minlike graach hâlde.”
“It sil net gean, skipper. De ‘mieuw’ moat de oare reis sûnder my útfarre. Ik moat dêrhinne!”
Hy wiiist mei de hân de kant ut fan de Fryske kust.
“Betink jo nochris!”
“Nee!”
“FrYske stiifkop!” seit de skipper. Mar hy mient der neat fan.
“Hoenar heane jo fuort?”
“Sagau’t der mar gelegenheid is.”
“No, sa’t jo wolle.”
Wytse Liuwis ferdwynt nei it dek. It skip moat lost wurde.
De skipper nimt de pinne wer op. Tsjonge, wat spyt him dit. It is sa’n keard le, dy stjoer. Ien ût it rjochte skaai. Wol wat wûnder en apart soms. Och ja….
Hy hat safolle ûnder de minsken west. Hy ken syn folkje wol. Dy stjoer is in wettergeus. Ien fan de hûnderten, dy’t de see opgongen binne om wat te ferjitten. Ek yn Wytse Liuwes syn libben hat wat west, dfat him de see opdreaun hat. Jierren kinne hja swalkje op’e weagen, mar dan ynienen kin de langst nei hûs harren oerfalle en dan is der gjin hâlden mear oan. As strak de ‘Mieuw’wer it seegat ûtgiet, dan sil it skip net mear harkje nei de bewende hân fan dizze stjoer.
Spitich! Hy woe sa wol hûnderet daalders jaan as it oars wie.

8

De Tassis hat syn tiid net foar Drylts ferspylje wollen. Hy is mei syn hynstefolk nei Heech ta set oer de âld Skatting, mar dêr fûnen hja in ûtstoarn doarp. Der wie gjin kop mear te sjen. De Hegemers wiene sa it doarp ûtflechte, dwersoer nei Sleat.
Doe binne hja ûnder Sleat en Starum lans, Gaasterlân ynjage en dêr is it begongen. Stom fersleijn harkje de minsken ta, as hja hearre wat wandieden de Spaansken yn dy streken úthelle hawwe. En net allibbe yn Gaasterlân, mar ek yn Koudum en Molkwar. Neat wie feilich en hillich foar dy wylde rabouwen. Sels bern en âlde minsken binne net sparre. It is slim, hoe’t hja dêr húshâlden hawwe. Wat al in pleatsen binne yn lôge opgongen! Hoefolle boeren binne net ophongen! Bern waarden neaken úklaaid en yn ‘e snie delsmiten, om dêr dea te friezen. Froulju waarden oan’e sturten fan é hynders bûn en oeren meisleept om dan helpleas om te kommen.
It flocht as diggelfjoer hiel Noard- Fryslan troch. En no komme se fierder opsetten it noarden yn As in springfloed oerstreame hja it lân. De diken binne swart fan flechtlingen, dy’t foar it rôvjende leger ut om in goed hinnekommen sykje.
Alde minsken prate fan in oardiel des Heare. Dy Spaansken binne in ynstrumint yn Syn hân om it Fryske folk, dat troch syn sûnden him de grime Gods op ‘e hals helle hat, te tuchtigjen. It docht ommers klear bliken. Der soe gjin Spanjert yn Fryslan kommen wêze, wie de winter net sa strang wurden. En noch hâldt de froast mar oan. It liket hyn ofte nei noch net op teiwaar. Dy froast, dy strange froast is Gods wurk. En hja tinke oan de âlde psalm, dy’t seit, dat Er Syn iis dêr hinne smyt stikken en wa sil bestean foar Syn kjeld? It Fryske folk wurdt kastijd. En dan allinnich sik der útkomst daagje, as it him were bûcht foar it Wurd fan God. Ja, want is Hy net de Almachtige? Dy’t sprekt en it is der? Ien wurd fan Him en de winter sil ophâlde, it iis sil weitele en de Spanjerts, dy ’t no as in skerpe gisel de rêch fan it Fryske folk trochploechje, sille hommels meitsje dat hja fuortkomme ….
Jonge keardels rôlje de fûsten op. Hja wolle hawwe alle man sil te wapen fleane en brui de Spanjert der ut. Guon binne daalk beret. Hja binne opslach nei Ljouwert tein en hawwe har frijwillich oansluten by it Fryske regimint fan it lytse Prinseleger,
De earste tynge, dy fan de jonge boer ut Linsterlân, hat te Ljouwert hiel wat opskuor makke. En doe hat it net sil Stien. Hidde Sybrants, de soan fan ‘e grytman ut Gaasterlân en noch safolle oaren hawwe de boadskippers west fan slimme ûnheilstidings ….
Yn it earstoan wiene de Steaten alhiel oerrompele. Wêre moast dit hinne? Hja wisten amper wat hja dwaan soene. Wie de Greve Willem Loadwyk no mar thús.
Mar njonkelytsen begripe hja doch dat der wat barre moat. En hja rieplachtsje.
It Prinseleger moat te fjilde brocht wurde. Mar …… wa sil it oanfiere? Mei dy fraach pakke de Steaten withoelang om.
It is op in neimiddelei, dat Stein  Maltisten, de Deenske ealman, oant no ta ôfwêzichheid fan Willem Loadewyk it haad fan’e Steatske troepen, ûntbean is yn é steateseal. It is noch in jonge man en oan’e swier, dêr’t er him mei klaait. Is wol te sjen, dat er ien fan’e riken en machtigen is út lân. It lange blûne hier falt oer syn kanten kraach, dy’t wyt ôfsekt by syn donkerflewielen mantel, dêr ’t in blinkend kuras ûnder glinstert. Syn hoed mei grutte plommen hat er neist him op ien fan’e swiere eken stuollen lein. Der leit wat fan grutskens oer syn wezen. It is him wol oan te sjen, dat er it kammondearjen wend is en dat er gjin tsjinspraak fele kin. Der giet praat fan, dat er soms tige koppich wêze kin. Dan is der gjin lân mei him te besilen.
Hy hie oarse al ôskie nommen fan de Greve. Fan ‘e Steaten woe er it meikoarten dwaan. Want syn eigen kenig hat him frege, oft er wer yn Denemarken komt. Syn eigen lân hat him nedlich. Hy kin dêr in hege posysje krije en hy hat him net beret. Alles is ree foar de grutte reis. Hy stiet op sprong om fuort. En no komt dit der ynienen tusken.
Hy wit al fan te foaren, wat de Steaten fan him wolle. Dat kin er fan tinken wol hawwe. Mar syn beslút stiet fêst. Hja sille him net Oerhelje om te bliuwen. Lit se mar in oarenien nimme. Om hem beneame hja de âldste hopman Willem  Willems ta haad fan it Fryske regimint.
Dat hat er nyskes de hearen Steaten op syn soldateske manear ek sein. En dêrmei is wat him oanbelanget, de saak ut. Wêrom der langer oer te praten?
Mar sa tinke de hearen Steaten der net oer. Dy fjouwerkante Fryske koppen binne ek hurd. Hja litte sa gau net sitte. Hja kenne dizze Deen as in steech en earsuchtlich man. It moat wat hoeden oanlein wurde,
Dan begjint ien fan de hearen te praten. Mei inkelde wurden leit er de need fan it lân bleat. De ûnferhoedse ynfal fan ‘e Soanjert mei sa’n mannemacht kin grutte gefolgen hawwe. In earstich gefaar bedriget Fryslân. De sa djoer befochten frijdom is der mei muoid. As it de Spanjert slagje soe syn slach te slaan, dan is Fryslan wei, En dat krekt, no’t de Greve sels om utens is. Net by machte om it leger oan te fieren. Mei immen, dy’t op dit stuit, op sa’n ferantwurdlike post stiet, him der dan oan ûntwine?
Stein Maltisten sjocht brimstich. Ungeduldich seit er: “Ik haw al sein, hoe’t der oer tink!”
“Dus,” seit it Steatelid en syn lûd is skerper wurden, “jo wolle it leger en Fyslân yn dizze hege need yn ‘e steek litte? Mei de fijân yn it sicht? En jo miene dat soks bestean kin mei krichsnanseare?”
De Deen ferskikt op syn stoel. Syn eagen sjitte fjoer. Hy lit de fûst op ‘e tafel delkomme en ropt: “Way? Miene jimme dat it bangens fan my is?”
De pylk hat doel troffen.
“Tút, tút, “ falt ien fan é oare Steateleden yn, “dat is net sein. Mar soe De Tassis soks net tinke moatte as jo wegerje om hin oan it haad fan it leger temjitte te gean? En wat mei de Greve der wol fan miene?”
De Deen sit in amerij te prakkeesearjen. Hy wol minlike graach ôfreizgje. Mar syn krichsmanseare is him boppe alles djoer en …… dat lêste wint it.
“Ik sil bliuwe, hearen!” seit er koart. “Foar dizze fjildtocht bin ik jimme man.”
De Steateleden knypeagje inoareen ris oan. Hja komme oerien dat it lytse leger fuortendaalt ûtrist wurde sil. Der binne sa’n foech 1400 man en dan is der noch wat hynstefolk. Der binne ek ferskate frijwilliger ûnder, lykas de soan fan é Kollumer grytman Hessel Meckema, Carel fan   Dekema, Sibe Roarda, Otto Clant en oaren.
Alles kriget dyselde deis noch syn beslach. It rint as diggelfjoer troch Ljouwert, dat it Fryske regimint der op ûtsjen sil.
Der oare moarns steane Stateleden foar de hege smelle finsters, dy’t útsjogge op it Plein, dêr’t leger lans giet. Mei wapperjend findel en slaande trom giet it de stêd ut, op mars nei Easterlittens. Stein Maltisten stekt ûbder it foarbyriden it swurd op. Otto Clant, de jonge findeler swaait moedlich mei de Prinseflagge, dy’t strak foar de Spaanske kleuren oerplante wurde sil yn ‘e heitelânske grûn.


Greve Willem Loadewyk rydt mei lyts gefolch Inkhuzen yn. Krekt lit de klok fan ‘e Drommedaris him hearre. It skom stiet de hynders op ‘e bealch. Sa hurd hawwe hja riden.
Oan ‘e havenkant springe de Greve en syn mannen ut it seal. Hjir hawwe hja in wiid ûtsjoch oer de see, it wetter, dat harren noch skiedt fan Fryslân. Mar al wat hja sjogge, gjin iepen wetter mear. De Hiele see sit fol mei grûniis.
By de haven steane in stikmannich pikbroeken, de bearesmûtse djip oer de earen, de hannen yn ‘e wide bûsen. Oars swalken hja om utens op see, om it blanke seebanket ut ‘e djipten te heljen ûnder de skomjende weagen wei.
Sûnt in pear dagen lykwols lizze hja al foar anker. Mar yn ‘e hûs kinne hja it net bankje. Hja kinne net de Hiele dei by de fjoerhutte sitte. Hjir oan ‘e haven fiele se har better thús. De frisse seewyn om é holle……
Foar de divedaasje wurde der sterke stikjes ophelle ut it fiskerslibben.
Mar no stûket it petear. De komst fan sok heech selskip oan é haven is wat nijs.
Wat soene dy hjir moatte? Hja sille dochs net mear de see oer wolle? It liket der wol op, want hja hawwe it sa drok. Foaral dy iene ……
In Starumer fisker, hjir ek fersille, hat de Greve al in skoftsje skerp opnommen. Stiif stiet er nei him te sjen. “Mannen,” seit er dan ynienen tsjinn syn maten, “myn eagen moatte my al raar te fiter hawwe as dat ûs Greve net is. Jawis, hy is it. Nimmen oars. Dêr komt er wierliken al op ú sta.”
Sa is it. Willem Loadwyk komt harren kant op. Hy rint wat kreupel. Dat hat er oerhâlden fan augustus 1580. Doe hat er foar Koeverd in skot yn ‘e skonk krige. En sûnt lukt er altyd in krom mei de iene foet.
“Moarn, mannen!”
De fiskers helje de skronfelige hannen ut ‘e wide bûsen en tippe efkes oan ‘e rûge mûtse.
“Kinne jimme ús ek oersette? “De Greve wiist de kant nei Starum ut. Hy sjocht de fiskers freegjend oan.
“My tinkt, dat sil wol gean, net?”
Noch swije de pikbroeken. Hja sjogge inoar ris oan. De manear sa ’t hja dat dogge, ûntgiet Willem Loadewyk net.
“As hawwe jimme der in swiere mûtse oer op?”
Dann nimt de Starumer fisker it wurd. “Heechheid, dat kin net mear. De see sit pôtticht. Farre giet net. En mei in flet is it libbensgefaarlik.”
De oaren stimme it mei. Hja binne ornaris net bang foar in bytsje. Yn it fûlste stormwaar sille hja net ferblikke. Mar hjir sjogge hja gjin kans. Dit soe wurde: spotte mei it libben.
“Ik mòat der oer,”seit der Greve dan. “Al sil it myn libben kostje!”Hy hâldt syn ein fêst.
“It wurdt goed betelle!” ferfettet er.
De fisker nimme dat wol oan. Mar hja happe net ta. Foar gjin goud weagje hja it kostbere libben yn dy iiswoastenije.
In âlde pikbroek skodhollet.
“Ik ha wit meimakke,” begjinter. “lit rissjen. It wie….. Mar de Greve hat hjoed gin tiid en herkje nei it ferhaal fan ‘e âld fisker. Hy is fierstente hastich om fuort te kommen.
“Mannen, “ seit er mei djippe syim, “it Fryske folk is yn need. It is  fan é Spaansken oerompele. Ik mòat der hinne. Hjoed noch! Hawar, wa sille my oersette?” ”Dan bin ik jo man!” Klear en rêstich is der ynienen it andert.
De fisker sjogge om. Efter harren stiet de stjoerman fan de ‘Mieuw’. Hy is súntsje tichterby kommen en hat de leste wurden fan ‘e Greve heard.
Willem Loadewyk nimt de man mei ien eachopslach op. Dat is alteast in keardel. En tagelyk wit er: It komt klear.
“No, “ freget er de fiskers, “en jimme? Wat sizze jimme?”
Dan springt de Starumer nei foaren. It syn folk yn need? Ja, dan feroaret it. Wat er foar gjin gouden rider dwaan wol, dat weaget er foar syn folk. Dêr hat er, as it moat, it libben foar oer.
En in oare kante fisker seit kalm: “Rekkenje dan ek mar op my.”
“En op my!”
Dêr komme se al oan en de eagen fan ‘e Greve skitterje. In stikmannich binne daalk beret. De oaren hâlde har stil.
“Tank,”seit de Greve. “Mannen, mei in oere is alles ree?”
Dat komt klear. De fiskers sette op hûs ta. En it hege selskip rydt de havenstêd yn.
“Dy sjogge wy nea werom, “ seit ien fan ‘e fiskers gnyskjend.
“Gekkewurk,” mient de âlde, dy ’t it noch dwers sit, dat de Greve him dêr nyskes sa oer de Mûle sloech.
“Gekkewurk!”
“En jim praat is âldewivepraat, “ It is Wytse Liuwes dy ’t seit. “Skamje jimme jim net? Der sit gjin drip Geuzebloed yn jimme!”
Syn blauwe eagen hlide oer it lytse kloftsje fisker. Der baarnt se in skerp wjerwurd op ‘e tonge. Mar hja betinke harren. Dy grutte burdman liket ûbidige sterk en hja ferfalle net graach yn syn knûsten.
Dan draait Wytse Liuwes him om en pandert bedaard nei syn skip.
In oerke letter its swart fan folk oan ‘e haven. It flet leit ree foar de swier reis. Mannichten dy ’t fan sa’n tocht nea werom kamen, dy ’t in grêf fûnen yn it donkere swalpjende wetter ûbder de kreakjend tsjininoar oanskavende skossen.
As it de haven ûtgiet, wurde se sa lang as it mar kin neiëage. Wat langer wat mear wurdt it lytse keppeltsje helden, dat it bestiet mei sa’n see nei Starum oer te stekken, wei yn ‘e fierte.
Mei God harren hoedzje!

10

Oerenlang hawwe hja al op dizze wide, iensume iisflakte sitten. Boppe har de grauwe winterloft en om har hinne neat oars as iis …..iis en wetter….
In snijende noardeaster blaast har fûl yn it gesicht, dwers troch de wollen klean hinne, dy’t wyt beripe binne. It iis sit harren yn wynbrau en burd. De fuotten fleane har hast of. De hannen binne blau en stiif fan ‘e kjeld….
Mar muossum komme se mear foarût. De wurgens giet har oer de lea. Hja hawwe al in moai ein ôflein. Mar wat hat ek skreppen west. Almar oer it iis hinne, mei alle ktêften it flet meilûkend, dat kanteljend oer de ûngelikense skossen glydt. Dan stiene alle spieren spand.
Sels de Greve pakte mei oan. Like goed as de fiskers. Want yn dizze wie alle rang en Stân weifallen. Hjir wie de Greve fan Nassau ien en lotgemien mei de lytse lju fan de lege lannen by de see. Ien doel hiene hja, ien wollen. Dit wie in wrakseling op libben en dea. Mei wyn, wetter, iis en snie. De sniebuoien, dat wie noch  it minste, as de skerpe fine izel as nullen stiek yn it antlit en it sicht suver weinaam.
Want it wie oppassen. Iderkear. Der wiene fan dy ferfiederlike plakken. Swarte plakken yn it wite iisfjild. Dat wie it donkere, freeslike wetter.
Sa wie it al mar gongen, no glide, dan farre….
Hja sette de tosken opinoar. Fierder moatte hja. Al kinne hja hast net mear. Want de tiid giet syn gong. Noch is it ljocht, mar strak sil de jûn falle. As de nacht oer harren komme soe op dizze wide, net út te eagjen romte mei syn deadlike gefaren, dan soene hja der gjin doel mear op hawwe hokker kant hja út moasten. Dan soe it minsklikerwize ferlern wêze. Hja soene deafrieze of ferdrinke.
Wytze Liuwes hat de lieding nommen. De oaren hawwe him dizze reis dat plak ynskikt. As ien fan ‘e fisker mear stroffelt as dat er lukt, suver oan ein, en neat leaver dwaan soe as fal mar op it iis del, noflik langút en dan sliepe ….. dan kriget er him by de earm en helpt him foarût.”Net sliepe, maat! Folhâlde, noch efkes folhâlde!” En syn eagen sykje de Fryske kust, dy’t no dochs sa njonkelytsen wol yn it sich komme moat.
Ek de Greve fitert allegeduerigen de mannen oan. Sa no en dan hat er in bemoedigjend wurd, al moast er sels faak op ‘e tosken bite. Want grut is de langst nei Fryslân, dy’t him fertart. Dizze tocht- hy wit it- it is in dûbeltsje op syn kan. It is in weachstik. Mar it moat slagje. Hu moat, as it kin, op tiid wêze,
En dizze tocht sil slagje. Dat is him al in fêst witten. Hat er net de knibbels bûgd? Syn bea sil ferheard wurde. En dat jout him in grut en sterk betrouwen …. “Mannen,” seit Wytze Liuwes, “de kust is yn ’t sicht. Noch efkes folhâlde en lûke.”
De touwen, tsjok ûbder it iis, kreakje. Nije krêft streamt yn ‘e wurge earms ….

De Starumer fiskers moatte ek, ear ‘t hja strak wer op ‘e koai geane, nochris de seewyn snuve. Hja binne it fan âlds wend op ‘e weagen te riden. Op ‘e ein fan de bûtenhaven hokje hja gear,
Honerige mieuwen skreauwe en glide mei rappe wjokslach oer de rigen botters, dy’t stil te slomjen lizze oan’e mearpeallen. Nee, der is no gjin fiskje foar har om te ferrifeljen. De hiele fiskerij leit al in deimannich stil ….
Der is neat te fernimmen op see. It is ien en al iis. Hjir en dêr binne de skossen oer- en opinoar skood, huzen heech. De see leit wol foargoed ticht en ferlitten.
Mar dochs kinne de fiskers it net litte en digerje de iisflakte sa no en dan ôf. Sels al hawwe hja ek noch safolle nijs te bepraten. En dat is der hjoed. Want justerjûn is de Spanjert ûnder Starum lansbruid. En flechtlingen, dy’t fannacht oanlâne binne , hawwe ferhalen dien fan de grouwélichheden, dy’t de Spaansken úthelje.
De stimmig is tige mismoedlich.
“Ien man soe hjirre wol rie witte, “sei ien ‘e fiskers. “De Greve! Mar dy sit yn Hollân.”
Ja, de Greve, Willem Loadewyk! Dat binne de oaren mei him iens. Mar hoe soe dy hjir komme moatte? Oer see? Gjin tinken oan. En mistreastich geane har eagen wer oer de wide dobbe,
Dan mient ien fan harren hiel yn’e fierte wat te sjen. In lytse, donkere stip, dy ’t der strakjes net wie. Wat mei dat wêze?
Mei de hân boppe de eagen digerje hja de see oer. Hja litte dy stip net los. De iene oppenearret dit en in oarenien wat oars. Mar it rjochte wit nimmen.
Undertusken wurdt de stip al grutter, Hy komt tichterby.
Oant ien fan de fisker ynienen in ljocht opgiet.
“It is in flet!”ropt dy.
“In flet!”
Hja sizze it tagelyk. Mar dêr is dochs gjin tinken oan? Der komt in grutte spanning yn it kloftsje fiskers. Wa soe it yn ‘e wrâld bestean en kom mei in flet fan Inkuzen ôf? Dat mei dochs wol gekkewurk hjitte. Sa’n stik … nee, dat is by har witten noch nea úthelle. It wol harren noch net oan en dochs ….
Wat tichter it by komt, wat mear hja ûnderskiede kinne, en wat mear de twivel weifage wurdt.
It is in flet!
No wurdt de fisker it bloed waarm. It seemansbloed. Hja kinne it hjir op ‘e wâl net mear bankje. Hja sille dy mannen, dy ’t dêr troch it iis wrakselje, in hantsje helpe.
It is al ga uit sedsje troch, dat der in glet oankomt en it streamt folk nei de havenkant. Hja wize inoar de lytse popperige figuerkes, dêrjinsen op é wide iisflakte. Dan sette der Starumers de haven ut, it flet yn ‘e mjitte. Stipe sil dy mannen dêre altyd fan pas komme,
De keppel- by de haven groeit al mar oan. Dit barren mei wol oan ‘e balke. In flet, yn it hertsje fan dizze strange winter. Hja steane der wol hast in oere, mar de kjeld deart harren net.
En dan komt it grutte momint. De helden komme de haven yn. De swiere reis is efter de rêch. Hja sjogge der ut as iisbearen. Guon stuitelje der oer. In jonge skuort fan é holle. Hy is boppe op in mearpeal klommen en mei de mûtse swaaiend brekt er ut yn lûd: Hoera! Alleman nimt it oer, dat it fier yn it run oer it iisfjild davert. De eftersten steane op ‘e teannen om it mar goed te sjen.
Mar dan …. ynienen ….. rint der in sêft reauntsjen troch al it folk. It giet troch de rigen: “Dêr is ûs Greve Willem Loadewyk!”
 In amerij is it deastil. Sterke manlju slokke wat wei. Hjir en dêr snokt in frommes.
Mar dan …. Dan bòarst it los ut de hûndert kielen, in jûchjen, dat hast gjin ein nimme wol. De Starumers roppe “Us Heit” it wolkom ta op ‘e Fryske grûn.
Wa’t der it earst op kommen is him sa te neamen, witte hja net. Mar dy earenamme komt him ta fan it hiel Frysk folk, de man dy’t troch iis en wetter nei stn Friezen fleacht.
Strompeljend rint de Greve by de barte op nei de kaai, folge fan de wurge mannen, dy ’t mei him de tocht dien hawwe. En as er minlik groetsjend tusken de rigen troch giet, komme de mûtsenn earbiedlich ôf.
In hege jongesstim set it Prinseliet yn. De minsken sjonge- guon mei in brok yn é kiel- en de wyn nimt it mei,

Oorlof mijn arme schapen,
Die syt in grooten nood;
Uw herder sal niet slapen,
Al syt gij ook verstrooid…..
En Willem Loadewyk? Him hammert mar ien ding yn ‘e wurge holle om: “Te let! Te let!”
Want fan ‘e Starumer fiskers jat er al it nijs heard, dat de Spanjert juster by harren lânsflein is, dwers troch Gaasterlân, oer Koudum en Molkwar it noarden yn.

11

“Uche, uche!”
Hol en heas hoasted âlde Pablo. Hy hinget mear yn it seal as er sit. Hja ride stapfoets, mar it is him hast noch tefolle. De lea is him stikken. Iderkear as er hoastje moat, skuort it him mei pynlike fleagen troch boarst en skouders. Syn side steckt him ek.
Pedro rydt neist him. Mei soarch sjocht er nei syn soldatatehit. It is neat net goed mei âlde Pablo de leste Pablo de leste dagen. Doe by Drylts hat er in wiete krous helle. Hy is slim ferkâlden wurden en it wol net ôfsakje. Hy hat koarts krige en nachts as de oaren it fkild yn wiene, hat Pedro faak by him sitten. Dan lei de âlde soldaat te dwilen ….
“Uche, uche!”
Alde Pablo syn eagen glinsterje. Dat komt fan ‘e koarts, dy ’t troch syn Ieren jaget. Hy kin amper mear. Sa min is er. Hy leaut sels dat er it net lang mear meitsje sil.
It Spaanske leger is fierder it noarden yntein. De Tassis hat negearich it each smiten op ‘e fette polders fan ‘e âlde Niddelsee. It leger is dan ek wer opbrutsen en op mars djipper it lân yn,
Alde Pablo en syn jonge maat koene it net byhâlde. Hja Paldo en syn jonge maat koene it net byhâlde. Hja Pablo en syn jonge maat koene it net byhâlde. Hja komme wol efternei. Hja hawe de printen fan ‘e hynstepoaten yn ‘e snie mar te folgjen. Dêr is niis de troep lânsbruid en as hja dy hâlde,komme hja fansels yn it kamp, dat foar de nacht opslein is. Hja sille de haadtroep wol wer ynhelje. Dêr hat Predo gjin noed mei. Hy hat mear noed mei âlde Pablo.
Strak sil er in tige waarm plakje foar him sykje om it kamphjoer en him wat waarms te drinken jaan. En komt de koarts wer op, dan sil er by him de wacht hâlde.
Üche, uche!”
De âlde hoastet wer en hy kreunt,
Fol soarch sjocht Pedro him oan. Hy moat der net oan tinke, dat âlde Pablo hjirre yn dit frjemde lân stjerre soe. As er dêroer mimert, bekûpt him in gefoel fan grutte ferlittenens. Alde Pablo hat foar him altyd sa goed as in heit west. Dy hat him beskerme, syn iten mei him dield. Mar de leste dagen moat er iderkear wer tinke oan it feit, dat er syn iennige freon faaks misse moat. En wat dan?
Dizze tocht is him slim ôffallen. Ht hie der sa’n grutte ferwachting fan. Mar al syn moaie dreamen binne tebroazele. Is dit no it soldatelibben? Hy hie it him hiel oars foarsteld. Binne dit soldaten? Dy namme noch wurdich? Hja dogge neat leaver as it lân ofstrope. Boerepleatsen oerfalle en yn ‘e brân stekke, de warleaze bewenners opjuie, as wiene it wylde bisten….
As er fan dy grouwelike dingen heart sa jûbs om it kampfjoer, dan begjint it him wat langer wat mear tsjin te stean. Hy moat der fan walgje. Syn jonge bloed kin soms siede. Dan woe er wol oereinspringe en slingerje it harren lyk yn it antlit, dat se lefferts binne, grutte lefferts.
Hy fjelt him yn it leger al minder thûs. Sa’nien as dy glûpske Slûge Pier ek. Lêstensjûns woe er wer rûzje meitsje. Soe er him wer mei in mes te liif. Mar de oaren hiene him keard. Foaral foar dy man sil er dûbeld op syn iepenst weze moatte as âlde Pablo weirekket.
“Uche, uche!”
Pedro skrikt op 6ut syn gemimer. Wêrsanne sitte hja? Hy hat der net ienas erch yn hân, dat it is begongen te sbiejeien. Grouwe flokken dwarrelje del. It begjint ek al tsjin ‘e te rinnen.
Hja sille hurder oanmeitsje moatte, wolle hja bytiids, ear ’t de nacht fakt, it kamp berikke. Oant dat stuit hat er iderkear it spoar noch sjoen, dat it leger yn ‘esnie efterlitten hat.
Mar ….. as er him in tal letter wer oer de hals fan syn hynder bûcht, wurdt er kjel. Syn jonge eagen sjogge neat mear. De sbie, dy ’t yn tichte flokken delkomt, hat elke print úwiske.
Hy hâldt syn hynder yn. Hoe no? Hokker kant ut? Midden yn dy frjemde wide wr6ald oerdalt him ynienen in gefoel fan iensumens en ûn wennennigens. Hoe min as er oars ek yn it kamp wêze mei, no woe er wol witwat jaan, as er mar mei syn soldateheit by it waarme fjóer siet. Dat is sa goed wol as hjir lykme- allinnich op ‘e romte om te dwalen yn dy sniejacht.
Mae hoe de wei te finen?
“Uche, uche!”hoastet Pablo. De 6ald man is stuenkâld en deawurch.
Hja kinne hjir net stean bliuwe. Dan op hoed gelok of mar fierder. Wurdt it strak tsjuster, dan sil er faaks de kampfjurren wol baarnen sjen.
De hynders sette de stad der wer yn en in lyts healoere ride hja sa troch.
Dan bliuwt Pedro ynienen wer stean. Binne se wol de goede kant útriden? Hy is der neat net gerêst op.
Sa stadichoan is iot al knap skimerich wurden. Mar nearne falt ek mar in skynsel te sjen. Hja binne grif in hiel ein ut ‘e koerts rekke, it goede paad al hielendal bjuster.
Hy moat der net oan tinke, dat hja de nacht op dizze bare romte yn ‘e snie trochbringe moatte. Foar himsels soe er der wol oerhinne komme, mar âlde Pablo ….
It griist him oan. Dit sil syn dea wurde. De 6alde man is no al skjin ynien. Hy sjocht ris om him hinne. Dêr is in pollderdykje. As er dêr ris hinneried, wa wit, koe er dan it kampfjoer gewaar wurde.
Hy bestut âlde Pablo in amerij te wachtsjen. Hy is sà werom.
De 6ald soldaat jout mar kwealik andert. Hy hoastet…..
As Predo, boppe op ut polderdykje, yn grutte ûbrêst alle kanten útsjocht oer it iesume en ferlitten fjild, bespeurt er beat fan it fjoer. Dan stiet it foar hum wol fêst: hja binne ferdwaald. Hja steane mids dizze wide winterwrâld sûnder in ûnderkommen. Der sit net oars op, as dat hja mar fierder ride. Faaks komme hja ûbderweis in heaklampe foarby. Dan kinne hja teminsten noch ûbder it hea krûpe. En dan moarn mar wer dei en rie.
Yn it weromriden sjocht er ynien ut ‘e sbiejacht in hybder op him takommen. It is it hynder fan 6alde Pablo. It seal is leech,
“Pablo,”skreaut er heas oer it fjild, “Pasblo”
!”
Wat is der bard?
In 6Ubvidigen eangst falt him op it liif. Hy set syn hynder de spoaren yn ‘e side. It bist springt foar6ut, dat de sniekluten him om ‘e earen stuwe. Mar hy telt it net. Hy sijet yn ‘e sniestoarn om syn âlde maat. As him mar neat slims oerkommen is.
D6Er sjocht er in Swart bultsje yn ‘e snie lizzen. Mei in linige swaai is er 6ut it seal en knibbelt der by del.
“Pablo. “kryt er, “Pablo, sis dochs wat~”
Taastend giet Pedro syn hân ûnder der mantel fan de âld lriichsfeint.
Lokkich, dea is er noch net. Syn hert kloppet noch súntsjes. Mar hy is wol fier buten westen.
Snieflokken dwarrelje del. De tskusternis wurdt al tsjokker.
Oedro besiket de âlde op te tillen en yn it seal te lizze, mar dêr sjitte syn krêften te koarst foar.
Triennen spatte him yn ‘e eagen. Moat âlde Oablo hjir dan sa stjerre?

12

In lette reedrider streket om distiid mei grutte halen de feart del. Hy hat de hannen op ‘e rêch en de holle foaroer.
It is Wytse Liuwes.
Hy komt fan Starum ôf en hat al in moaie haal dien. Mar hy sil noch gâns in ein ride moatte, ear’t er yn Ljouwert is. Dat is doel fan syn tocht. Hy moat dêr de tynge bringe, dat Greve Willem Willem Loadewyk behâlden de see oerstutsen is en yn it Fryske fiskersstedje foet oan wâl setten hat. It is fan belang, dat hja dit, sa gau as it kin, te witten komme.
Om op ‘en gausten yn Ljouwert te kommen, moat er dwers troch de Streek, dy’t fan de Spaanske binde ûnfeilich makke wurdt. It is in tocht net sûnder gefaren. Mar dat let Wytse Liuwes net. Hy hat wol fasker foar hjitte fjurren Stien. Benaud is er net.
Niis hat er noch mei in turfskipper praat. Dy leit, oerfallen fan de winter, hjir ynferzen mei in fracht turf.
De man woe wol prate. Dy hat him ferteld, dat de Spaansken hjir de middeis lânsbruid wiene. Hja soene wol earne yn é buert tahâlde.
De skipper woe hawwe, hy soe de nacht by him yn ‘e roef bliuwe. Dan koe er de oare deis wol fierder. Mar dat hat er ôfslein. As er fannacht trochrydt hat er alle kans om yn tsjuster troch de Spaanske wachtfjurren hinne te glûpen. En as him dat slagget, dan sil er moarnier net wa fier mear fan syn doel of wêze.
Dêrby, hy hat haast. Net allinnich om de tynge foar de Steaten. Mar no’t er wer yn it âlde heitelân is, wurdt de langst om syn jonge, dy’t er foar in jiermannich ûnder de hoede fan pake en beppe efterliet, werom te sjen, al sterker.
Twa bern hat er hân. It âldste jonkje hat er misse moatten. It is him ûntstellen en der is nea mear in spoar fan him fûn. Mar syn jongste libbet faaks noch. Hy sil hau syn boadskip dwaan yn Ljouwert en dan …… dab sil er de sokken der ynsette nei it lytse doarpke yn ‘e Limster kontreien …..
It sik dizze nacht oppassen wurde. Hy mei hast oeral wol eagen hawwe, want foar gjin jild yn ‘e wrâld wol er de Spaansken yn ‘e warmen ride. Yn ien en ritselde rithme streket er troch. It riden is him noch net ferleard. Hy kin it noch as de bêste. It is him suver in nocht, want krekt as by alle Friezen, der giet him neat boppe in flinke tocht oer iis.
Mar ynienen set er de redens dwers, draait in slach om en stiet stil. De wyn hast him in frjemd lûd oerbrocht. It wie as hearde er it suven fan in hynder.
Hy harket …. Dêr is it wer. Oan is it wer. Oan syn rjochterhân. En no heart er ek ien roppen. It is krekt as sit immen yn need.
It koe wol in jonge wêze. It is mar in nuver spul, hjir sa let midden yn ’t lân. Wat mei soks ynhâlde?
It mei him dan efkes ophâlde, mar hjir wol er al mear fan witte.
Hy kroasket de feart in eintsje fierder lâns, op it jongeslûd ôf. Dan draait er in opfeartsje yn ….
Dêr dûke foar him de skimmen op fan twa hynders. In honge stiet op ‘e wâl en ropt.
“Dochs Spanjerts,”sjit it Wytse Liuwes ynienen troch ’t sin en hy taast al nei it skerpe matrozemes, dat er altyd by him draacht.
De jonge winkt. Hu ken, sa’t it liket, ek in mûlfol Frysk, want hy ropt mar: “Mei! Mei! Help!”
Der is wat yn dat jongeslûd, dat Wytse Liuwes ferheard makket. Dat lûd…..
As er tichterby kommen is en oars neat fernimt as dy jonge en de beide hynders, streket er flugger oan.
Dan sjocht er noch wat yn ‘e snie lizzen.
Hy stapt fan ‘e redens of en mei in pear trêden is er by dat donkere op ‘e grûn. It is in man. Ien fan De Tassis syn ruters.
De jonge harket bliid op as Wytse Liuwes him yn it Spaansk freget wat er wol.
As stjoerman op e’grutte feart hat er oeral omswalke en hy wit wol safolle fan it spaansk, dat er hum skoan mei dy taal rêde kin.
Dan begjint Pedro te fertellen ….
Wytse Liuwes sjocht Fan de âlde Spaanske soldaat dêr yn ‘e snie nei de jonge. It bonne syn fijannen. Mar dy iene is in jonge en dy oare is stjerrende. En hy glinket, as him troch de earste om ûnderdak frege wurdt.
Is it byld fan syn eigen jonge, dat foar him opriist, dat er in momint syn hiele reis nei Ljouwert ferjit en hjir yn ‘e nacht nei it ferhaal fan dy jonge Spanjert stiet te harkjen?
Hy wit net wat it is, dat him yn dizze knaap oanlûkt. Mar helpe sil er him.
Hy leit al op ‘e knibbels by de âlde soldaat. Daalk sjocht er, hoe ’t der bystiet. It beste sil wêze, dat hja him op in hynder tille en sa besykje te ferfieren.
Hy hat al in plan. Hy sil de furfskipper freegje om dizze beide lju ûnderdak te jaan. Want it rint mei de âlde soldaat nei de ein.
Hy hjit Pedro it hynder te heljen.
Dan Tille hja mei har beiden âlde Pablo yn it seal en stapfoets geane hja yn ‘e sniejacht it polderdykje lans nei feart …..
De turfskipper sjocht raar op. Sokke gasten – Spanjerts noch wol – dêr is er net botte hjit op.
Wytse Liuwes leit him alles út. Earst flikkeren de eagen fan ‘e skipper, doe’t er de Spaansken kommen seach. Mat as it sà stiet ….. dat dy âlde om samar te sizzen, syn leste reis meitsje moat, ja, dan wurdt ito ars. Hja kinne him wol ‘e roef dellizze.
De turfskipper hat wat brandewyn oan board. In mûlfol fan dat spul mei waarm wetter sil dy âlde goed dwaan. Pedro besiket him wat drinke te litten.
Hjir yn ‘e waarmte komt de âlde kriichsfeint wer wat by. Hy slacht de eagen op. Syn hân taast om him hinne as siket er wat, syn lippen preuvelje ….
“Pedro ….. myn jonge!”
“Hjir bin ik, “seit Pedro en hy faget Pablo it klamme swit fan ‘e grize holle.
Der âlde kriichseint wol oerein, mar hy falt like hurd wer del. Hy hat gjin macht mear.
“Help my!”steunt er.
Pedro slacht de earm om him hinne en tilt him safier omheech, dat er sit.
“Toarst!”bringt âlde Pablo út.
De skipper hat noch in kop waarme brandwyn.
“Pedro …. Kom hjirre. Ik ….. moat stjerre ….. en wol dy ….. earst noch wat …. Sizze!”
En dan heart Pedro yn ‘e roef fan it turskip in wûnder ferhaal. Ek Wytse Liuwes harket ta.

13

It is it ferhaal fan de Spanjert, dy ’t fier yn it waarme suden ienris lokkich libbe mei syn frou en syn lytse jonge. Dy jonge dêr wie er sljocht op.
Doe op in dei kaam de ‘swarte dea’. De minsken stoaren, de iene nei de oare. En ek hy ferlier op ien dei syn jonge en syn frou ….
Doe koe er it thús net mear ûthâlde. Om syn sinnen te fersetten naam er tsjinst ûnder de findels fan Alva, de izeren hartoch. Hy focht mei ûnder ‘e gleone sinne yn Súd- Europa en kaam letter nei Hollân, it lantsje fan bûter en tsiis, dat Alva wol lyts krije soe. Nei hiel wat aventoeren lâne er oan yn dizze noardlike kontreien en mei oaren makke er stroioptochten yn Grinslân en Fryslân.
Op ien fan dy tochten- hja wiene op ‘e weromreis- hearden hja in frou roppen om help. It wie earne op in lyrs boerespul yn ‘e Linster omkriten.
Pedro lit âlde Pablo nochris drinke. Dy swolget de kop leech, want de koarts heister him slim troch de lea. Dan giet er wer fierder. By brokstikken- want út en troch hoastet er lang en ferheftich. Wytse Liuwes is tichterby kommen. Hy sykhellet djip, en hat syn eagen net fan de stjerrende of.
“Ik woe derhinne,”fertelt âlde Pablo, “mar de oaren gniisden my ut en woene trochride. Mar doe’t ik de reed opdraaide folgen se dochs.
Meidat ik de daam ynried seach ik ut ‘e syddoar in man kommen. Hy makke him hastich ut ‘e fuotten. Yn ‘e hûs fûnen wy in jonge frou oer de flier lizzen. Hja wie fermoarde. Deun by har lei in mes. Kasten wiene oeral helle…..”
Wer hoastet er.
As de turfskipper nei Wytse Liuwes sjocht, falt it him op, dat dy, triljend oer de hiele lea, as ferwezen nei de âlde harket.
‘By de froustie in lyts jonkje. It skriemde. It wie krekt myn eigen, dat stoarn wie. Dat hie ik altyd noch foar eagen. It fleach my oan. Doe haw ik it meinommen. De oaren hiene der de gwek mei. Mar ik ha wit yn in waarme tekken bewuolle en foar my op it seal set. En sa bin ik der mei thús kommen …..”
“Wetter, “steunt âlde Pablo, “wetter!”
Pedro jout him te drinken. Hy hat de âld man de wurden fan’e lippen lezen. Want dit ….. dit hat wat mei himsels te meitsjen.
Dan heart er ynienen in heas lûd efter him.
“Sis, âlde …..wêr hast dy jonge litten?”
It ia Wytse Liuwes, dy ’t dizze wurden der útstjit.
Pedro sjocht tige ferheard nei de man, dy’t harren holpen hat. Dan b6ûcht er him wer oer de stjerrende, dy’t op’en nij begongen is te praten.
“Dat jonkje  ….bistû!”bringt âlde Pablo der mei lijen út. Hy himet nei de siken. It is klear te sjen, dat de ein net fier mear wêze kin.
Unrêstich taast Pablo by syn klean yn. Hy liket dêr wat te sykjen. Dan hellet er in lyts pakje foar it ljocht.  Dêr …… sit it mes yn …. En noch in munt mei in gat deryn ….Dy fûn ik ûnder dyn klean ….”
Ear’t Pedro it oankrije kinnen hat, grypt Wytse Liuwes it him út’e hân en by it oaljepitsje op tafel skuort er it hastich iepen. Hy hellet de munt der ut en as er him sjoen hat, âlet er it út. Dy munt … Hy wit it noch as de dei fan juster. Dêr nboarte syn boike, dêr’t er gjin spoar ea fan fine kinnen hat, altyd mei.
Pablo kriget it benaud.
“Pedro,” himet er, “Pedro ….dêr is er! Pas op! De moardner! Slû ….”
Mear is der net te ferstean. De holle sakket fansiden. Alde Pablo is wei. Mar sawol Wytse Liuwes as Pedro hawwe ek de lêste wurden goed ferstien.
“Hy is wei,”seit Wytse Liowes mei triljende stim.
En dan bart der wat wûnderliks. Wytse Liuwes, de stjoer fan de ‘Mieuw’, slacht de sterke earmen om Pedro hinne en hy snottert: “Myn jonge, myn eigen jonge!”
De turskipper giet nei boppen. Mar as hja in toarn letter bynoar yn ‘e roef sitte, de turfskipper, Wytse Liuwes en Pedro, en de stjoerman fan de ‘Mieuw’ de skipper mei inkelde wurden op é hiichte bringt fan syn libbensrin, wit de soldatejonge, dy’t by it kampfjoer syn lietsjes song, nat hoe’t er it hat. Earst dat wûndere ferhaal fan âlde Pablo en doe ….
It is him alles sa frjemd noch en sa ûnbegryplik. Alde Pablo hat him dus meinommen ut Fryslan wei. Hy is syn heit en mem ûntstellen. Sels is er in berne Fries. As er dêroer tinkt …. Ja, dan jaget him bytiden it bloed nei de wangen, it rea fan de skamte, dat er meiholpen hat om eigen folk op ‘e lea te springen. Syn eigen folk. Want no begjint by him it bloed te sprekken. Fansiden sjocht er sa no en dan ferhoalen nei Wytske Liuwes. Dy grutte sterke man is syn heit. Alde Pablo is wei …. Dy sil er nea ferjitte. Mar hy hat syn eigen heit wer fûn. Mei in djippe blidens, in gefoel fan feilgens, harket er ta as Wytse Liuwes fertelt.
“Haw ik dan ek noch in bruorke?” freget er bliid.
“Ja, jonge, dy is by pake en beppe.”
Nu wurdtt it Wytse Liuwes noch wûbderlicker te moede. Hy hat wol tiden hân, dat er syn wei troch dit libben net lyk krije koe mei it bestean fan in leafderike Heit yn ‘e himel, dy’t mei Godlike wysheid de wegen fan al syn bern laat. Mar dizze jûn….dizze besûndere jûn …..kin er der net fan swije, hoe wûnderlik de wegen des Heare binne en hoe’t Hy, dy’t oer alle dingen it bewâld hat, net allinich it tsjoede jout, mar e kit goede.
Hy knypt Pedro yn é hân.
“Wat bistû al in baas jonge, “seit der dan. “No bliuwe wy altyd byinoar.”
It mes hat er opburgen. Hy hat it fan alle kanten besjoen. Yn it heft wiene twa stêven snien.
Dan prate se nei oer wat âlde Pablo yn it lest noch ûtbringe wollen hie ….It is al moai wis, de moatdner fan Pedro syn mem hat er kend. Hy hat der de jonge noch foar warskôgje wollen.
“Ik sil wol útfine, “sei Wytse Liuwes en syn stielblauwe eagen flikkerje, “Dy man sil syn fertsjinne straf net ûntgean.”
It fermoeden is by him wekker wurden, dat dy man wolris hûshâlde kin it Spaanske kamp. En, al moat er him ek witwêrsanne sykje, fine sil er him.
Hy hat syn plan al ree. Hy sil no daalk de redens wer ûnderbine en de streek der ynzette nei Ljouwert. Dan …. as er dêr syn boadskip dien hat, komt er werom. Pedro kin hjir salang wol bliuwe. De turfskipper fynt it bêst.
En dan …
Nee, dat sil Pedro wol hearre as er werom is.


14

Oer Skettens en Wytmarsum is it Spaanske leger, moardzjend en plondrjend op Tsom tasetten.De stumpers, dy’t net sa gau wisten wêr’t hja hinne flechtsje moasten, hiene beskûl socht yn é Tsjommertoer. Dêr mienden hja feilich te wêzen. Mar ek dêr wisten de Spaansken wol rie op. Hja hawwe takkebosken en strie en hout tsjin ‘e toer opsteaple en doe alles yn ‘e brân stutsen.
No hawwe se har kamp foar de nacht opslein tusken Spannum en Winsum. De wachtfjurren flamje heech op yn it donker. Op de tagongswegen nei it kamp rinne de útsette wachten. It is in ferfeelssum wurkje. Wylst de oaren it der goed fan nimme en by it waarme fjoer sitte, moatte hja yn waar en wyn omheukerje en útsen. Want De Tassis is te witten kommen, dat it Fryske regimint Ljouwert ferlitten hat en der dûbeld oppast wurde.
De mannen by de wacht fjurren hawwe in wakkeren wille dizze jûn. Hja geie it soms út. Ien lykwols, ien hat sakrekt noartsk en stymsk syn plak ferlitten. It is Slûge Pier.
Dy rint mei wraakplannen om. Al in deimannich hat er der op bret. It is him noch net forgetten, dat âlde Pablo him okkerdeis, ta spot, sa’n ôfstraffing jûn hat. O. hoe hatet er dy man. En dy jonge net minder.
Al in pear jûnen hat er om é kampfjurren hinne dangele en op dy beiden rn. Mar hy koe se nearne gewaar wurde. Hy hat ek aklris dizze en jinge polske, mar ek dêr is er neat wizer fan wurden.
Wol hat er smeulske útroppen fan syn maten mei in soere troanje opslikje moatten. Dêrtroch lôge it fjoer fan de haat noch heger op yn syn herte.
It bart wol faker, dat guon soms inkelde dagen weibliuwe. Nimmen dy’t him dêr drok om makket. Dit is in strooptocht en de hoplu sjogge sokke tiden net sa krekt. Hja komme fasels werom.
Hy sil de eagen iepenhâlde. Wêr soene hja omtoarkje? Dat soe er wolris witte wolle. As hja werom binne en hy kriget de kâns, dan sil er harren geweken nimme. Yn in skuorke op it hiem dêr’t hja bivakkearje spraat er in pear toppen hea út ta syn nachtleger. Troch de jieren falt in skynsel fan it wachtfjoer. By dat skynsel hellet er efkes letter hoeden in linnens pûdssje ûnder syn klean wei en as er it, wylst er op ‘e hurken yn it hea sit, iependocht, begjinne syn eagen te skitterjen.
Hy klaut yn it pûdsje om. Dêr rinkelt wat mei in fyn sulveren lûd.
Ien foar ien hellet er de glinsterjende jildstikken derût. Hy telt se en telt se nochris oer.
Wat blinke dy sulveren en gouden skiven him temjitte. Hy kin der de eagen net fan ôfhâlde. Dêryn baarnt klear it fjoer fan in felle begearte nei jild. Hark …. Komt dêr immen oan?
Hastich lit jild wer yn it pûdsje glide en sjocht skou om him hinne. Hy wol net heal bestrúnd wurde. Gjin ien mei witte dat er sikke skatten by him hat. Foar de oaren hâldt er him altyd stienearm.
As er fierder neat heart, as it stil bliuwt, lit er de jildstikken nochris troch de fingers glide. Hy kin der suver gjin genôch fan krije. Helte fûlder noch lôget de begearte yn him op. Mear, mear wol er hawwe. Jild! Mear jild!
Yn it plonderjen en brânskatten dtiet er goed syn man. Hy sil dy Fryske boeren bliede litte. It sil net oan him lizze.
Bloedjild! Was ei dat?
Skou sjocht er wer om him hinne en stoppet hastich it pûdsje ut ‘e wei. Dan gnysket er om himsels. Der is ommers net ien. En was doe witte, dat…..
Dat wit ommers nimmen?
Mar dan slacht it ynienen yn him del: Nimmen?
Ien is der yn it kamp, dy’t der fan wit …
Miskien wol twa …
Mar it kin ek wêze fan net.
Dochs sil dy it grif e kienris te witten komme. En wat dan?
Syn hannen trilje. It kâlde swit brekt him ut. It is him, as wol der út it donker wat op him taspringe.
It is wat út syn tsjuster ferline, dêr’t er oer swijt as it grêf.
Hy kin it hjir yn dit neare skuorke net langer bankje. Ljocht moat er om him hinne hawwe ….ljocht …. As Slûge Pier, opjage fan syn eigen ferline, it skuorke útstrompelt, komme krekt twa ruters it kamp ynriden. In âlden en in jongenien. It binne Pedro en syn heit. Hja hawwe gjin muoite hân mei de wacht. Pedro koe it wachtwurd op in prik.En wa’t net better wist soe ytn Wytse Liuwes nemmen oars sjen as âlde Pablo.
Op har deade gemak ride hja it kamp yn. By ien fan ‘e wachtfjurren is noch romte.
Mupisum lit âlde Pablo him al hoastjend ut it seal glide. Hja bine de hynders fêst en jouwe se in toppe hea. Dan sykje hja in plakje by it fjoer.
“De âlde hat it knap te pakken,” sei tien fan’e ruters, dy’t wat opskikke.
“Uche, uche!” is it andert fan âlde Pablo.
“Ja,” seit Pedro, “hy hat it gâns wei. Lit him mar stil gewurde.”
It is lekker waarm, dat fjurke. De nacht is kâld. It friest noch dat it ongelt. De neikommers wurdt gol de kanne oanlange.
Pedro sjocht Wytse Liuwes ris fansiden oan. Hy hat in grutte bewûndering foar syn heit krigen. Dat is ien dy’t doar. No! Hjir mids de fijannen om it kampsjoer…. In bytsje benaud is er dichs wol. As it mar goed beteart allegearre.
Wytse Liuwes knypeaget him ta. Hy hat de rûge mûtse djip oer de holle lutsen en sit hielendal weidûkt yn é hege kraach fan âlde Pablo syn mantel. Want syn blauwe eagen soene him bêst ferriede kinne.
Mei sân pear earen sit er te harkjen. Hy wol witte wat de Spaansken fierder yn ’t hoarn hawwe. Dat sil er dan rapportearje oan de oerste fan it Fryske regimint, dat te Easterlittens leit.
Der soldaten hawwe it der krekt drok oer. Niis hat De Tassis syn ûbderoanfierders by him roppen en hy hat harren ferteld, wat er fierder fan doel is.
Dat is al ridlikgau neittiid ruchtber wurden yn it kamp en it wurdt drok bepraat.
“It is in moai plan,”seit ien fan de ruters en hy nimt in swolch ut ‘e bierkanne. “De oerste wol, sa’t my ferteld is, mei koarten it lytse legerke op é lea springe. Nei’t ik der fan wit, sille der sa’n 800 fan uzes op los. Elk moat in fuotfeint efterop nimme en dan ier yn ‘e moarn, as hja noch lizze te sliepen, sille wy se oerrompelje.. En dan stiet de wei iepen nei de fette Bildthoeke. Tsjonge, wat sille wy ús hert ophelje kinne ….”
“No,” seit in oarenien, “en dan nimme wy Ljouwert der noch op é keap ta by. As dys Greve dan werom komt, sille wy fjoerwurk foar him ôfstekke.”
Hja laitsje en hawwe in wakkeren wille by dit skoander foarútsjoch. It giet harren sa bêst nei it sin. Dy strange winter kin om harren noch wol wat oanhâlde. Wytse Liuwes hat de earen wiid iepen. Gjin wurd ûmtgiet him. Soa, tinkt er: binne dat de boer syn guozzen. Mar dêr sille dy Geuzen wol in skoatteltsje foar strike. Sa’t hja dêroer prate komt Slûge Pier ek wer yn ‘e rige. As er sit, glide syn eagen de rûnte lâns ….
“Uche, uche!”
Wa hoastet dêr sa hol? Stôkstiif bliuwt er in amerij sitten. Bedrage syn eagen him net? Dêr binne âlde Pablo en Pedro wer,
“Ha, dy Pedro,” ropt er dan, “wy hawwe dy in hiel set net heard! Kom op é lappen mei dyn lietsjes! Sjonge!”
Pedro skrillet op. Hy stompt Wytse Liuwes sûntsjes oan en seit: “Dat is ‘m! Dat is Slûge Pier.”
In pear stielblauwe eagen nimme de dogeneat temûk in momint skerp op. Mar nimmen- ek Pedro net- sjocht hoe’ Wytse Liuwes ynienen fam klaur fersjit.
“Hawar, ”skreaut Slûge Pier nochris. “komt der ek wat fan?
Pedro skodkoppet. Hy soe foar gjin jild yn ‘e wrâld dizze jûn sjonge wolle. No net en nea net.
“Nee,” ropt er, “ik wol net.”
“Net wolle, “ wynt Slûge Pier him op. “Net wolle? Dû aap datst bitste! Gau, sis ik dy en oars …”
“Nee, “ seit Pedro nochris.
Mar hy wol leafst gjin spul hawe en dêrom seit er tsjin âlde Pablo: “Kom, wy geane hjirwei.”
Hy giet stean. Hoastjend komt ek âlde Pablo oerein. Dat is Slûge Pier lykwols net nei it sin. Hy sil dy beiden moares leare. Driigjend komt er op Pedro ta. It mes hlikkert yn syn fûst.
Mar diskear hat er him alhielendal ferrekene. It bart yn sucht. Ynienen dûkt âlde Pablo him … syn hân sjit ut …. En it mes komt mei in bôge yn it kampfjoer te lâne.
Dan nimt er Slûge Pier op as wie it fearke en keilt him in ein fuort.
Earst suver ferbûke klaut Slûge Pier wer oereind. De mannen om it wachtfjoer laitsje. Pedro en syn maat binne al fuort. Ut ‘e fierte heart er de âlde hoastjen. Mar dan komt der in falske glim op syn antlit. Hy hat, doe’t âlde Pablo de hân útsriek , yn it ljocht fan it kampfjoer wat sjoen. Dy hân stie in blau anker op tatoeërre.
It is âlde Pablo net, as in oarenien, in spion! Hy wit wat him te dwaan stiet.
En as er fuorthinkelt ropt er tsjin syn maten om it fjoer hinne: “Laitsje mar! Wa’t it leste laket, dy laket it beste!”

Oerst De Tassis sit mei de beide Greven van den Berg noch wat nei te praten by in goede romer wyn. It liket mei de kriichskânsen mar bêst. Hâldt de winter oan- en dat liket der wol op- dan sil hy mei gauwens hiel Fryslân ûnder syn beslach krije. Dat lytste Geuzelegerke sil er ferpletterje …
Wylst hja drinke op it wolslagjen fan ‘e plannen, komt de wacht te sizzen, dat der ien is dy’t him, de oerste, efkes sprekke wold.
“It haw no gjin tiid! Lit de man moarnier mar komme!”
Mar in amerij letter is de wacht der alwer. Dy man wol net fuort. Hy moat de oerste perfoarst sprekke.
“Wa is it?” greget de oerste.
“It is ….eh ….. wy neame him altyd Slûge Pier.”
De oerste moast him efkes betinke.
“O, dat is deselde keardel, dy’t ús it paad wiisd het nei Drylts.
It wurd Drylts hat altyd hat altyd noch in wrange smaak foar De Tassis.
“Lit ‘m komme!”
Slûge Pier komt der yn. De oerste sjocht him brimstich oan. Hy hâldt der net fan om foar alle wysjewasjes steurd te wurden.
“Sis op, “ seit er, “wat is der?’
“Der is in spion yn it kamp, oerste.”
“In spion?”
“Ja, oerste.” En hy fertelt fan âlde Pablo, dy’t âlde Pablo net is. Dy spion is in oere ferlyn yn it kamp kommen. Pedro wie by him.”
No laket de oerste, hy skattert it út. Pedro mei in spion! Dy keardel moat it no net raarder betinke.
“Man. “seit er, “jo binne dronken.”
Mar dan mingt him ien fan ‘e Greven van den Berg yn it petear.
“Hie de keardel in anker op é hân?”
“Ja, Greve.”
Witte jo dat sekuer?”
“Ik ha wit klear sjoen.”
“Gekheid. “bromt De Tassis, dêr ken ik pedro te goed foar.”
“In wettergeus miskien?” freget spotsk de jongste fan de Greven.
De Tassis tinkt egkes nei.
“Helje Pedro!” seit er dan tsjin ‘e wacht. It wol him net oan. Dy keardel mei syn spion. Mar ja, it is oarlochstiid.
It duorret net mâle lang, dêr is Pedro al.
“Oerste!”
“Pedro, dizze man seit, dat der in spion yn it leger is. Alde Pablo, seit er. Is âlde Pablo net.”
De Tassis sjocht him skerp oan.
Mar Pedro ferblikt net.
“O,” seit er, “dy Dy man, oerste , hat al tiden de pik op myn yn. Hy hat my al in pear kear drige. Efkes lyn noch hat er my mei in mes te liif wollen.”
“Is dat sa?”freget De Tassis strang.
Slûge Pier doar him net oan te sjen. Hy hat de moed ek net om nee te sizzen.
Ïn minne streek!” seit de oarste dan en hy hellet ferachlik de lippe op.
“Pedro lycht jo foar, “ ropt de Slûge dan ferheftlich. No wurdt it de oerste bûnternôch.
“Der ut!” seit er. “En gau!”
Slûge Pier wit letter net hoe hurd er der ut wie. It is him dizze reis raar mislearre. Mar no sil er deroan! Sûnder mis!
Pedro mei ek wer fuort gean.
Wer buten sjocht er om him hinne. Wytse Liuwes is net fierôf.
As er by him is, seit Pedro: “Heit, dy Slûge Pier hat üs yn ‘e haten, mar de oerste leaut him net.”
“Dat sille wy treffe,” andert Wytse Liuwes.

15

De minsken ut Spannum en Winsum binne yn tûzen hasten mei wiif en bern flechte.
Mar wêr sa gau hinne?
“Yn é toer!”roppe guon en ûnderskate lju hawwe beskûl socht yn ‘e sterke Winsumer toer.
Dizze toer is fan swiere âlde Friezen opmitsele. De muorren binne mear as inearm tsjok. De doarren binne mei izeren platen beslein en kinne mei grouwe bouten ôfskoattele wurde.
It is it feilichste plak oeren yn it rûn. Hjir mei de Spanjert komme! Hy mei stoarmljedders tsjin ‘e muorren opsette! It sil om ‘e nocht wêze. Sels de kûgels ut ‘e haakbussem en snaproeren sill op ‘e swier muorren ôfstuitsje.
It healtsjustere ferwulf is fol minsken. Manlju mei de wurkklean oan, sá ut har wurk weiflein. En froulju, dy’t hommels it hûs útflechte binne. De bern hingje har oan ‘e rokken.
It is der nau en groatful. Guon sitte sels op é’eljedders. Mar de doar is goed ticht en dêrefter binne hja feilich. Hielendal boppe yn ‘e toer sitte in pear healopslûpen jonges. Hja sille it Spaanske kamp, dat dêrûnder leit en dêr ’t hja de wachtfjurren fan flamjen sjogge, wat yn ‘e gaten hâlde. En hja sjogge ek út nei it noarden. Dêr leit it Prinseleger ommers ….
It wurdt in frjemde, wol wat eangstige nacht dêr yn dy toer. Bern lizze sliepdronken mei de holkes op memme skurte.
Mar de oaren krije suver gjin wink yn ‘e eagen. Hja prate sa no en dan en fertelle elkoar, hoe’t hja opjage waarden en binne bliid hjir in hinnekommen fûn te hawwen. Hja tinke oan ‘e earme stakkerts, dy’t net sa’n goed plak hawwe ….
Ien wit te fertellen dat it Prinseleger no wol gau komme sil. Dat sil de Spaansken grif ferdriuwe. Miskien moarn al wol…
Sa treastigje hja elkoarren en sprekt de iene de oare moed yn.
O, hja sille it hjir bêst in dreinmannich úthâlde kinne. Allinich de honger sil harren op ‘e lange doer twinge kinne it oer te jaan. Mar dêr sil it net oan ta komme. It Prinseleger. …
Sa prate se. En stadichoan ferstrike de nachtlike oeren. Lûd galmet de klok de tiid oer it gea.
Yn ‘e iere moarn ropt de wacht nei ûnderen, dat de Spaansken risselwaasje meitsje om út it kamp op te brekken. En hja hâlde de eangstige minsken ûnder harren fan tiid ta tiid opé hichte fan wat der bart…..Yn spanning harkje hja ta, as de jonges dêr boppe fertelle, dat de Spaansken útswermje.
Boppe yn é toer sjogge skerpe jonge eagen ut. Ja, de Spaansken komme tichterby. Earst liket it harren ta, dat se noch in oare kant út swinke sille, mar dan roppe se: “Hja komme hjirhinne!”
Dat jout gâns beweging ûnder yn ‘e toer. Froulju slane de earmen om har bern en helje se oan. Dy earme lytse stakkerts! En de manlju sjogge inoar oan. Machteleas steane se. Wat sille se belibje moatte?
It binne bange eagenblikken en der riist mar ien striel fan hope yn ‘e herten fan dizze minsken: it Prinseleger. As dat mar opdaagjen komt …
“It komt grif!” seit der ien.
Mar de jonges, dy’t boppe sitte en al mar weroan de noardkant útdigerje, bespeure neat fan in Prinseleger. En op ‘e fraach oft der al oankomt, anderje hja: “Noch net!”
De tichterby kommende Spaansken bliuwe op in distânsje fan ‘e yoer stean. Soene se dochs noch in oare kant út wolle?
Mar ek dy leste hope wurdt harren ûntnommen. Wol sjogge hja, dat de Spaansken harren yn it doarp ferspriede, mar hjir weigean is gjin sprake fan.
As de Spanjerts werom komme, sjogge de wachten dat hja slepe mei strie en takkebosken. Wat soene hja dêrmei wolle?
Untset harkje de minsken ûnder yn ‘e toer ta. Wol de filjân de toer yn é brân stekke?
“Dat kin net,”seit der ien en hy slacht op ‘e swiere stienen muorre. “Stien baarnt net!”
Mar de Spaansken tinke der blykber oars oer. Hja drage al mar mear hout en takkebosken oan. Guon binne sels dwaande tarre te ranen en dat gleone guod jitte se oer it strie en it hout ….
Dan wurdt de brân der ynstutsen. In swarte reek kringelt omheech.
In pear mânshichten heech is it brânbere spul wol by de toer opsteapele, en it baarnt en rikket, dat it oeren fier yn it rûn te sjen is. En aloan wurdt der mear opsmiten. Stil sitte de minsken yn ‘e toer byinoar mei belutsen gesichten. Hja hearre de wachten yn ‘e toer hoastjen, en fan bûten komt it knetterjen. Fan ‘e flammen. Reek kringelt al ta de galmgatten yn en hja rûke de neare brânlucht …
O, dit moat net lang duorje. Hark, hear dy Spanjertes ris! Hja laitsje en tjirge ….
“Komt it Prinseleger dan net? “ ropt der ien. Dizze fraach leit al syn eangst yn besletten.
Mar al gigerje se boppe, tusken de slierten reek hinne, as de wyn der efkes trochskuort, ek nòch sa skerp nei it noarden, der is neat fan it Prinseleger te sjen. En it andert falt de longerjende sielen dêrûnder as in bakstien op it hert: “Nee, der is noch neat te sjen!”
Dan is der in mem, dy’t net langer úthâlde kin. Hja nimt har beide lytse bern ûnder ‘e earmen en klimt nei boppen. Hja wol hjir net omkomme yn ‘e reek, dy’t al tsjokker, al ferstikkender wurdt.
In frjemd fjoer gluorret yn har eagen. Yn in amerij is hja op é omgong. De wachten skreauwe! Hja stiet al yn in galmgat en dan springt se nei ûnderen …
“Dy falt wol dea,”gnize de Spaanske soldaten en hja sjogge nei dizze mem mei har bern net mear om.
Mar, o wûnder, hja libbet noch en stroffelt oerein. De beide berntsjes skeelt ek neat en hja slechtsje … De Spaansken smite al mear brânje op it fjoetr. Earmfollen wiete turf lizze te rikjen en te smeulen. De raak wurdt al tichter ….
Under yn ‘e toer witte de minsken net mear, wêr’t hja krûpe moatte. Hja sykelje swier. De reek is wol te snijen. Hja taaste oer de grûn en fleane by de keale muorren op om frisse lucht te krijen. It wurdt in oarde fan ferskrikking.
Ien frommes wurdt folslein gek. Hja stoot de ljedders op, dy’t troch de fûnken ek al begjinne te smeulen en weaget de sprong. Dwers troch reek en flammen hinne sjogge de Spanjerts har delkommen en ien fan ‘e dogeneaten trapet har kâldgnyskjend op it boarst. Fierder litte se de waansinnige frou gewurde…
Sokke taferielen spylje him dy moarns ôf yn en om de Winsumer toer. En neat, neat is der te sjen fan it Prinseleger.

16

Knarsend op syn tosken hat Wytse Liuwes Liuwes iet oansjen moatten.Dit smoerge stik fan ‘e Spaanske soldaten. Ek Pedro is de grize oer de grouwe gien. Hy hat de lêste dagen foll neitocht oer de wûndere rin, dy’t syn libben nommen hat. Hy is stil wurden. Want foar syn heit skammet er him wat langer wat mear, dat er jierren mei dit folk omslein hat, dat er se sels fermakke hat mei syn lietsjes.
It leafst soe er sa gau as it kin mei syn heit it leger farwol sizze. En dan foargoed. Op syk gean nei syn pake en beppe en syn bruorke, dêr’t syn heit him fan ferteld hat.
Mar Wytse Liuwes hat neat gjin haast it kamp te ferlitten. Hy is hjir noch net klear. En hy tinkt oan it mes ut it pakje fan âlde Pablo. It giet him as in speurhûn, dy’t in spoar rûkt.
Dy deis dat de Spanjerts it sa drok hawwe mei de Winsumer toer yn
‘e brân te stekken, dwaalt Wytse Liuwes yn it kampemint om. Hy broeit op in plan.
De jûns giet it yn it kamp der noch rumoeriger oan wei as oars. De Spanjert geie fan wille. Hja hawwe dy lju yn ‘e toer roastere en sa’n fyt moat dochs befeeste wurde? Dêr moat op dronken en klonken. In bierfet wurdt oanrôle en de krûk giet noch faker rûn.
Dat giet Wytse Liuwes wol nei it sin. Lit se mar drinke en mâltjirge. Dat bier sil syn útwurking wol hawwe. Hy hat hjir noch mear te dwaan en wol der gjin bekyk by hawwe.
Njonkelytsen nimt it feest in ein. Der rôlet alris ien dronken om en snoarket meiiens as in baarch. It sil net lang duorje, as hja lizze sawat allegearre yn in rûs ….
Dan wurdt it Wytse Liuwes yn tiid. Hy giet by it kampfjoer wei.
“Kom,” seit er tsjin Pedro, “Wy sykje ús sliepstee op,” sà lûd, dat de oaren it bêst hearre kinne. Mar as hja in eintsje ut ‘e reek binne, hjit er Pedro om mei de beide hynders it kamp ut te gean, en dêr op him te wachtsjen.
“Geane wy hjir dan wei?” freget de jonge bliid.
“Ja, myn jonge. Hjir, nim dizze sek ek mei!”
Hy triuwt Pedro in grutte sek yn hannen.
“Wat moatte wy dêrmei?” freget Pedro ferwûndere.
“Dat silstû strak wol sjen.”
Pedro hellet de hynders op en giet dêrmei buten it kamp.
Dan wachtet er, de iene menút nei de oare ferstrykt. It duorret in kertier, in healoere ….syn heit bliuwt nochal wat wei.
Als Pedro de hynders ophellet om te dwaan wat syn heit him hjitten hat, strompelt âlde Pablo nei it sliepstee, dat hja fan wat hea en strie yn it lytse skuorke makke hawwe. Mar hy nimt syn wei by it kampfjoer lâns en docht oft er dêr noch wat lizze hat, dat er noch efkes ophelje wol.
As er goed en wol yn it skuorke is, klaut er ûnder it hea wei in nuver merakel. It is sa’n soarte fan fûgelferskrikker, fan wat âlde lapen, hea en tou byimoar frissele. Dat ding leit er yn it nachtleger. Hy struit der wat hea omhinne en bestoppet it dan goed ûnder de âlde rutermantel. Dat men soe net oars sizze, as der leit immen te sliepen.
Dan krûpt er sels út ‘e wei yn tsjuster herntsje deun by de doar. Ferwachtet er wat?
De iene menút nei de oare ferstrykt. Wytse Liuwes de stjoer fan de ‘Mieuw’ sit ûnbeweechlick. Mar al syn sintugen binne op har iepenst
Hy sil in lyts healoere wachte hawwe, dan fernimt er wat. Der komt immen op it skuorke ta, slûpt der omhinne en docht hiel súntsjes de doar iepen. Dan bliuwt er efkes stean.
Wytse Liuwes, wa syn eagen oan it tsjuster wend binne, sjocht efkes letter hoeden it swarte stal fan in man nei binnen glûpen. Strie ritselt ûnder syn fuotten, as er fierder skeuvelt op it nachtleger ôf.
Dan fernimt er, hoe’t de keardel mei de hannen it hea betaast en ynienen bûcht er him foaroer, syn rjochterearm giet onheech ….
Mei ien set fearret de stjoerman fan de ‘Mieuw’ no omheech en yn minder as in tel er de man boppe op ‘e lea.
Dy, sa ûnferhoeds besprongen, stiet ien amerij ferwezen en mei Wytse Liuwes him handich in prop yn ‘e mûle treaun, dat er gjin kik jaan jin. In koarte wrakseling folget, mar as de fûst fan Wytse Liuwes op him delkomt, siicht de man yninoar. Hy leit slop en buten westen yn it strie.

“Hjir mei de sek!” Hastich stjit Wytse Liuwes de wurden derût. Hy is werom en draacht wat op é rêch. It skynt der nochal yn te weagen. Wat it krekt is kin Oedro not sjen.
“Hâld de sek op!” En ien rukje mei it skouder, dan glydt it frachtsje deryn.
“Sjesa!” seit Wytse Liuwes tefreden. Hy hellet in ein tou ut ‘e bûse en bynt de sek stevich ticht.
Pedro help him de fracht op it hynder te tillen. Dan springe hja yn it seal en op in draaf giet it noarden yn.
As Pedro freget, wat detr dochs yn dy sek sit, seit Wytse Liuwes: “Strak. Wy sille earst meitsje dat wy yn Easterlittens komme.”

17

Age stiet op wacht mei syn maat, de jonge boer út Limsterlân, dy’t er befrijd hat út it weinhok. Syn hân omklammet de kâlde loop fan syn snaproer en syn skerpe jagerseagen digerje oer it fjild.
Hy is al in pear dagen yn it Prinseleger, hjir yn ‘e skâns te Easterlittens. De reis fan Drylts nei Borkum is goed besteard. Pake, beppe en Ruerd binne by beppe har broer bleaun. Dy seach wol sa raar op dat hja der wiene.
Age sels hat Easterlittens opsocht.
De oerste, Stein Maltisten, hat de wachten ferdûbelje litten. It lytse Prinselegerke mei net oerrompele wurde. No’t de Spaansken sa tichtebij kommen binne, kin men it nea witte. De wachten hawwe it konsynje om tige skerp ut te sjen ….
No, dat dogge se. En mocht der wat barre, hja binne altyd mei har beiden. Dat hâldt! Sa hawwe se ek wat oanspraak. Want in nacht duorret lang ….
Age syn maat stampt mei de fuotten en hânbûket.
“It friest mar wer knap,” seit er tsjin Age.
“Dat docht it,” stimt Age him mei. “En dat, no’t sa’n soad elke dei mei tige langst útsjogge nei teiwaar.”
“Hoe’t ús Fryske folk oars ek mei in winter op hat,”seit syn maat, “it kin him no wol slite.”
“En gjin wûnder, “ mient Age. “Ynpleats fan winternocht te jaan, bringt er ús no yn it ûngelok.” En hy tinkt oan ‘e nije wandieden, dy’t de Spaansken úthelle hawwe yn Tsjom en yn Winsum. Hja hawwe oerdei de reek wol sjoen.
“Ik begryp ús oerste net,” seit de jonge boer dan wer.
“Wy bliuwe hjir mar wat lizzen. En de Spaansken komme aloan fierder.”
Sokken binne der mear yn it leger. It wurkleas omflingerjen hinget harren al lang de kiel út.
“Wat dogge wy hjir feitlik,” giet er fierder, “as wy dochs net ..”
“Om my fleagen wy der moarn noch op yn, “ seit Age. “De oerste liket der wol tsjin oan te skytkoarjen. Ik begryp it allikemin. It wurdt dochs wol tiid, tinkt my, om dy Spanjert op syn baitsje te jaan. Mar wa wit. Otto Clant, ús findeler, fertelde my niis noch grut nijs.”
“Wat hie er?”
“Yn Ljouweret is tynge kommen, dat de Greve yn Starum is.”
“Wat seiste? Yn Starum?”
“Ja, hy is mei in flet de see oerstutsen.”
“Keardel en dat yn sok waar!”
“Ja man, dy stiet nearne foar. Net folle dy’t it him neidogge. Mar sis, hearstû meat?”
Beide steane hja te harkjen.
“Der komt hynstefolk oan.”
“Dû hast gelyk,” seit de honge boer. “Hja komme hurd tichterby.”
Ynienen binne hja op har iepenst. Soe de Spanjert …
Age kriget syn roer fêster beet. As dat it gefal is, dan sil er der ynbaarne.
“Der binne mar twa, “ seit de jonge boer dan. “Hark mar.”
“Ik leau it ek,” andert Age. “Wat folk dat wêze mei?”
“Werda!” ropt er ynienen.
Ut it sjuster dûke twa ruters op.
“It wachtwurd!”
“Heiligerlee!” klinkt harren yn ‘e mjitte. Dat kloppet. De ruters hâlde stil. Age docht in stap of wat nei harren ta.
Dan skreaut er ynienen: “It is ferkeard folk. Hear!”
Yn ien eachopslavh hat er sjoen, dat it Spaanske ruters binne. Hy bringt syn gewear yn ‘e oanslach ….
“Net sjitte!” ropt ien fan ‘e ruters. “Bring ús by jimme oerste.”
Age en syn maat oerlizze. Tagelyk kinne hja slim fan har post ôfrinne.
Age sil dan mar mei. Hy hjit de ruters foar him út te gean. En hy warskôget: “Tink der om, wa’t útnaaie wol, kriget de folle laach.”
Dy frjemde gasten stiet er mar heal.
Yn it kasmp docht Age ferslach oan de oerste.
“Twa man?” freget de oerste.
“Ja, oerste!”
“Spionnen?”
“Ik tink it wol, oerste.”
“No, bring se mar.”
Stein Maltisten rint mei grutte stappen hinne en wer. As it spionnen binne ….
Yn har wide rutermantels steane de beide manne foart spionnen binn it haad fan it Fryske regimint.
Soa, dat binne se dus. Hy nimt harren skerp op. Dy iene liket suver noch wol in jonge.
“wat moatte jimme hjir?”
“Jo sprekke,” seit de âldste kalm.
Maltisten laket.
“By nacht en ûntiid?” freget er skamper. “Spionearje?”
“Nee!”
“Naai my mar gjin earen oan ‘e holle.”
Maltisten wurdt brimstich.
De âldste fan ‘e ruters glimket. Der twinkelt wat yn syn eagen.
“Sjoch ik der ut as in Spanjert?” freget er dan.
Hy slacht syn stielblauwe eagen op en moetet dy fan de oerste.
Dy byt him op é tosken. It is wol in bretale keardel, dy ’t dêr foar him stiet. Sa betûft! De Tassis wit wol, wa’t er it fjild ynstjoert.
“Soksoarte moat De Tassis krêkt brûke.”
“Hy hat der gau tefolle fan,” Keatst de ruter werom.
“Swij, ûnbeskofte fint!”
Stein’s eagen begjinne fonken te sjitten. Hy hat genôch fan dy praatsjes. Wy hawwe hjir beammen!” Mar no fynt de ruter it moaiernôch. Hy taast by de klean yn en yn syn hân blinkt in peinje.
Age sjocht him oer it skouder. It is in geuzepeinje mei de biddelnap.
“Is dit soms genôch?”
Freegjend sjocht er de deen oan.
Stein lûkt oan de skouders. Sokkel ju binne oeral op berekkene. Dy keardel is al moai grif in troch-ende trochtrape spion!
“Dat seit my neat.
De ruter berget de peije wer op. Nochris komt in lyts ljochtsje yn syn eagen.
“Dan wit ik it ek net,” seit er.
Mar fuort letter taast er nochris ûnder de klean. No hellet er in stik perkamint foar it ljocht.
“Dit dan?” Hy rikt it de legeroerste ta.
Stein Maltisten teart it iepen by it ljocht fan in flambou. Hy sjocht it him sa bekende segel fan ‘e Steaten en yn it brief stiet, dat Wytse Liuwes, boadskipper fan ‘e Greve, as er yn ‘e hannen fan ‘e Steatske troepen falt, daalk loslitten wurde moat.
Opslach feroaret de oerste. “Keardel,” ropt er, “hie dat earder sein! Ha jo tynge?”
“Wy komme krekt ut it Spaanske kamp, oerste.” De Deen jout Age in wink. Hy kin wol gean.
Dan fertel Wytse Liuwes, wat er yn Spaanske kamp opdien hat. Dat hja fan doel binne it lytse Prinseleger te oerfallen en it te ferneatigjen.
“Soks wie ik al bang foar,” seit de oerste as Wytse Liuwes útpraat is. “Ilk sil myn maatregels nimme. Jo wurde betanke.”
“Gjin tank,” andert Wytse Liuwes . “Mar wol fersykje ik jo om in geunst.”
“En dat is?”
“Pedro,” seit Wytse Liuwes dan, “helje de sek.”
It legerhaad sjocht him freggjend oan. Dat is in nuvere biis, tinkt er.
“Oerste,”weit Wytse Liuwes en it is him ien en al earnst, “wolle jo rjocht dwaan?”
Dêr is Pedro al wer. Holpen fan de wacht sjout er de sek nei binnen.
Yn dy sek skynt it wol te libjen, alteast der komme wûndere lûden út.
“Hjir dat diong!” seit Wytse Liuwes. Hy makket it tou los en tilt de sek omheech.
Der rûgelt in man oer de flier. Stomferbaasd hat Stein Maltisten it oasjoen. Wat hat sok yn?
De mam ut ‘e sek is oerein klaud. Hy sjocht wyld om him hinne. Mar hy kin gjin kant út, want de izeren fûst fan Wytse Liuwes hat him stevich yn ‘e kraach.
It antlit fan ‘e boadskipper fan ‘e Greve stiet earstich. It liket wokl út brûns getten.
“Oerste, dizze man hat in moard op syn gewizze. Foar seis jier hat er yn Limsterlân in jonge frou deasstutsen. Doe hat er de wyk spile en is oanlâne yn it Spaanske leger. Is it net wier, Teije Boukes>”
De man dûkt ynoar, as krige er in slach mei in swipe. Pedro hat eagen as tafelbuoden. Dy man …dat is …Slûge Pier!” Dus dat wie him, dy ’t syn mem fermoarde hat. Hy byt op ‘e tosken.
De eagen fan ‘e oerste sjogge de finzene strang oan. “Wat hawwe jo dêrop te zissen?”
Efkes slacht Teije Boukes, dy’t him no ûntmaskere wit, de glûpende eagen op nei de oerste.
“Ik hjit it him ligen,”raast er dan. “Der is gjin bewiis fan.”
Utdaagjen en bretaal sjocht er Wytse Liuwes oan. “Soa,” seit Wytse Liuwes.
“Kinne jo jins deskukdiging befêstigje?”reget Stein Maltisten.
“Ja!”
Slûge Pier wurdt der kjel fan.
Wytse Liuwes hâldt in mes omheech.
“Kenstû dat, Teije Boukus?”
It is oft de wjerljocht de man foar de fuotten slacht. Hy wurdt ynwyt. Mei ûntsetting stoareaget er nei it mes.
“Hoe ….” stjit er der ut.
Mar dan besint er him.
It is lykwols te let. Hy hat him al ferpraat.
Stein Maltisten hat de man gjin momint út each ferlern. Hy wit wol genôch.
Mar dan rikt Wytse Liuwes him it mes oer. Yn it heft binne de stêven T.B. snien. It is in ferpletterjend bewiis.
Dan falt it fûnis. Hurd en strang seit de Deenske oerste tsjin de wacht: “Oan ‘e beam mei dy man!”

18

Dêr sitte se, de Fryske ealju en de hoplju fan it lytse Prinselegerke by it ljocht fan in pear walmjende flambouwen. Stein Maltisten hat se yn ‘e nacht byinoartromje litten.
Otto Glan, de jonge findeler, stiet tsjin ‘e doarstile oan. Syn gesicht is ien en al spanning en wyls hy dêr sa stiet, glide syn eagen it lytse selskep oer. Dêr sit Willem Willems, de âldste hopman. Syn hier is al griis. Djippe tearen binne lutsen yn syn ferware soldatekop. In echte fjoerfretter, tinkt Clant. Hiene wy sokken mar mear!
Neist him sit Hessel Meckema, de soan fan ‘e Kollumer Grytman. In kante figuer. Troch de bank in koartswillige knaap, mar no steane syn eagen earnistich en stroef.
Oan ‘e oare kant sjocht er Hidde Sybrants ut Gaasterlân. Dy baarnt it allangs yn, dat hja noch neat útsetten hawwe. Hy is fol fjoer. Soe der minlike graach op los wolle. Hy praat drok mei Carel fan Dekema, in leat ut dy âlde Fryske stamme, dy’t al ieuwen sa’n romtrofte namme draacht.
Fierder sitte dêr Sibe Roarda, Michiel Haga, Groustins en de prevoast fan Warkum, Gilles, allegearre mannen út ien stik, mei in hert, dat waarm kloppet foar it heitelân.
Grut is it leger net. In hantsjefol mar ferlikene by de Spaanske oermacht. Mar de measten binne wolberet en de jonge findeler hopet, dat no de saak syn beslach krije sil, om de Spanjert op it liif te fallen.
Hja binne allegearre benijd, wat der wol wêze mei. It is noch nea earder bard, dat hja der yn ‘e nacht ûtkloppe binne.
“Alleman presint?” freget Stein Maltisten. Hy giet oerein stean.
Der mist net ien. De flambouwen flakkerje en walmje. It wurdt stil.
“Ik haw krektsa in alarmearjende tynge krigen,” begint Stein Maltistren en hy sjocht it hear ris oer. Oeral strakke gesichten, dy’t him de wurden ut ‘e mûle heine. “De Spaansken binne fan doel ús moarn oan te fallen. Hja wolle earst mei it Fryske regimint ôfrekkenje en dan de Bildthoeke yn.”
Hy wachtet efkes.
“Wy steane tsjin in grutte oermacht. De Spanjert is goed beweapene. Wy binne mar lyts yn tal.”
Otto Clant fearret oerein. It is allegearre wier, wat de oerste seit, mar binne hja net fol moed om der op los te gean?
Ek ûnder de oare jonge Friezen komt beweging.
“It liket my de baas ta en lit hjirre met op in fjikdslach oankomme. Ik haw oer alles goed neitocht. Ferlieze wy de slach, dan si lek Ljouwert iepen en bleat komme te lizzen. Dêrom haw ik it beslút nommen, om moarnier yntiids op te brekken en ús wat tichter op Ljouwert wereom te lûken.
Stein Maltisten is net in man fan folle wurden. Koart en goed hat er syn mannen op ‘e hichte brocht. Dochs is it him net ûntgongen, dat syn plan der foaral by de jongerein min ynfalt.
Hidde Sybrandt is al oerein sprongen.
“Dat nea!” rop er. “Wy meie ús wol skamje. Dagenlang hawwe wy hjir ús skoandere tiid al ferknoeid en neat dien om dy ynkringers it lân ut te bruien. En no soene wy werom?”
“Knap sein!” roppe Carel fan Dekema en Hessel Megkema tagelyk. Hja moatte ek neat fan dy foarslach fan ‘e oerste hawwe.
Otto Clant skept wer moed. Hy moatte ek neat fan dy foarslach fan ‘e oerste hawwe.
Otto Clant skept wer moed. Hy talt de koppen. Der sitte ferskate mear, dy’t it mei harren iens binne.
Mar Willem Willems skoddet de grize holle. Hy hat mear fjildslaggen meimakke en hy wit dar der ûnder de hiersoldaten guom sitte, dy’t net te fertrouwen binne. Hy hat ek swak moed, dat it lytse Geuzelegerke it hâlde sil, as it ta in treffen komt.
Stein Maltisten is net út it fjild slein. Him weacht swier de ferantwurdlikens foar it leger. No’t er wit mei hoe’n grutte oermacht de Spaansken binne, wegert er om alles op ien kaart te setten. Tiid wûn is hjir alles wûn. Hy kin om in pear jonge hjithollen him net fan ‘e wize bringe litte. Koppich en taai hâldt er syn ein fêst en ferdigent mei klam it útstel, dat er dien hat. Hja moatte it wol witte. Dwaze dingen is it lân net mei tsjinne. It stiet der min genôch foar. It sil wol ta fjochtsjen komme, mar hjir net. Dan yn ‘e omkriten fan Ljouwert. Dat is foar alle dingen better.
Willem Willems falt him by. It jout in ferheftigen tsjinaksel. It jonge laach wol gjin krimp jaan. Der falle sels oer en wer hurde wurden.
“It is in flecht!” ropt Hidde Sybrants. “In smaadlike flecht?”
Mar dan stoot Maltisten op. Syn eagen flikkerje. Wa praat fan in flecht? Dêr komt er tsjin op. Fûl en hertstochtlik. Hja kinne noch mar net alles sizze, wat hja wolle. En syn wurd bliuwt wet. Hy lit him jilde nei al it gesach, dat de Steaten him jûn hawwe.
Efkes letter jout er oarder, dat hja alles klear meitsje moatte. Net De Tassis, mar hy sil útmeitsje hoenear en wêr’t it ta in fressen kommen sil.
Mei hjitte hollen ferlitte de jonge eallju de tinte. As Otto Clant bûten komt sykhellet er djip. De frisse nachtwyn docht him suver goed.
It wie der waarm tagongen. De kriichsrie hie in stoarmich ferrin hân. Der wie gjin ienriedigens. Hja hiene skeel oer de te folgjen taktyk. En dat mei de fijân yn it sicht!”
In weemoedich gefoel oermastert him. Fan alle kanten bespringft him de twivel. Sil dit wol goed komme?
Wie de Greve hjir no mar!
Sa rint er fierder. De Stjerreloft is wei wurden. In tsjokke dize hinget oer it hiele kamp. Docht dat it mei, dat er sa mismoedig is?
Der is nei dizze gearkomste wat, dat him benearet. In bang foargefoel oerweldiget him en hy kin it net fan hom ôfsette. It is him as waret der yn dit kamp, dat noch yn djippe rêst leit, in skaad om fan neierlommend ûnheil.
As er de beam foarby komt, dêr’t it roerlaeaze stal fan Zlûge Pier oan hinget. Giet him in huvering oer de kea …..
Stein Maltisten sit by it ljocht fan in flambou noch te skriuwen. Krassend fljocht de pinne oer it papier.
Dan struit er der wat sân oerhinne en kriget Wytse Liuwes opdracht it nei Ljouwert te bringen.
De steaten moatte witte, hoe’t it der bystiet.

19

Frouwe Clant hat dy middeis her steatlik hûs oan ien fan ‘e stille foarname grêften yn Ljiouwert ferlitten
Sûnt har jonge, wiuwend mei it geuzefindel, oan it haad fan it Fryske regimint de poartie útgongen is, hat hja rest noch doer mear.
Hja is grutsk op him, dat er ûnder it findel dan it Priseleger de striid opnommen hat foar it heitelân, mar hy nliuwt har iennichst bern en it offer, dat hja foar it heitelân brocht hat, is wol grut.
It is sa stil wurden yn it grutte hûs oan ‘e grêft, no’t syn kleare jonge stim net mear troch de gongen klink. Hja mist him sa. En dêrby dy fertarrende ûnrêst, wat der fierder noch barre sil.
Want it nijs, dat de haadstêd binnenkomt de lêste dagen, is sa benearjend. De Spaansken komme al fierder it noarden yn mei in grutte oermacht. Wat sil dat wurde?
Wol hie de tynge, dat de Greve de Sudersee oerstutsen wie mei in flet, in fleach fan betrouwen en blijmoedigens brocht, mar hoenear soe er hjir wêze kinne? En soe it dan net te let wêze?
De tiid twingt ommers sa.
Nije opskyor wie der oerdei kommen troch de tynge, dat de Spaansken de toer fan Winsum yn ‘e brân stutsen jiene.
Se binne dus net fier measr fan Easterlittens ôf en dêr is har jonge.
Hja hat yn ‘e hûs net langer úthâlde kinnen.
Hja wol der mear fan witte.
Sa is hja nei har freondinne tein, de frouwe fan Ulenburg, de boargemaster fan Ljouwert, dy’t yn it rampjier fan ’84 de dea fan Prins Willem fan sa tichteby meimakke.
Beide frouen sitte ûnder de brede skou, dêr’t grutte kante houtblokken lizze te flamjen.
Frouwe Ulenberg hat har ferteld wat hja wit fan it nijs, dat hjoed de dei deputearre steaten ûntfongen hawwe.
It binne allegearre jobsboaden.
Better as frouwe Ulenburg net wit, hâldt it Fryske regimint noch altyd yn Easterlittens ta en nei’t liket sil it hjoed of moarn wol ta in treffen komme mei de ruterbinden fan De Tassis.
Dat is ek, wat frouwe Clant al eange. It sil ta strijd komme mei de grutte Spanske oermacht. En as dat mar goed komt!
O, hja ken har jonge wol. Hy is sterk en moedich as in jonge liuw. Mar dy oermacht! It Geuzelegerke is sa lyts en himpen.
Frouwe Ulenburg lêst dizze mem de soarch en de spanning fan it antlit. Dan seit hja: “Bern, bistû bang?”
De eagen fan frouwe Clant sjitte fol.
“Ja, “ seit hja súntsjes, “Ja, ik haw der swak moed op.”
“Mar bern, sa meistû net. Dyn jonge is dochs yn Gods hân. Dy is machtich him te bewarjen likegoed as Hy ús ferlosse kin út ‘ hân fan de Spanjert. O, as wy dat leauwe net hiene, dan soe iet der net bêst foar ús útsjen. Mar dat leaustû dochs ek? Wy kinne ien ding dwaanfoar ús mannen en ús bern, dy’t it dêrjinsen aanst tsjin dy oermacht opnimme moatte. En dat is bidde!”
In trien dript frouwe Clant op ‘e hannen, dy’t hja yn’e skoat lizzen hat. Och ja ….. bidde ….. hja docht it wol. Mar o, dat ûnstjoere memmehert.
Op dat stuit hearre hja in swiere mannestim. De doar giet open en hear Ulenburg komt der yn.
“Goed nijs!” ropt er de beide froulju al fan fierrens ta.
Twa pear eagen sjogge him oan.
Goed nijs? Hja soene him de wurden wol út ‘e mûle heine wolle.
Ulenburg sjocht de grutte spanning op dy gesichten.
“No? Wat tochten jimme?”
Syn eagen twinkelje.
Syn frou falt op dast er der ynienen wol in pear jier jonger útsjocht, as wie der in grutte lêst fan him ôffallen.
“No? Freget der nochris. “Ried ris!”
Mar nimmen dy’t in wurd seit.
“Wel,” seit er dan, “dan sil ik it jimme mar sizze. Sakrekt is de Greve yn é stêd oankommen.”
“Is it wier?” roppe hja beide tagelyk.
“Ut Starum?” freget syn frou.
“Ut Starum!”
Dan lit Uluenburg him op ien fan ‘e swiere ekenhouten stuollen deslakje en ferfolget:
“Wy hiene krekt hearkomste, doe’t de tynge troch de stêd gong. It folk is optein. Hja runen allegeare de doarren út. Nea haw ik it meimakke, dat immen sà ynhelle is. Mei sa’n blidens. It is klear te fernimmen dat alleman in stien fan it hert fallen is. Elk hat no wer nije moed krige. De Greve sil it wol klear spylje, heart men oeral sozzen. Wy hiene him, earlik sein, sa gau noch net ferwachte. Mar hy is in man, dy’t der gjin gers oer waachse lit. As ik noch tink oan dy tocht oer de Sudersee … wat in moed, wat in stik. Dat sil ús Fryske folk nea wer ferjitte. Witte jimme hoe’t er al neand wurdt fan de minsken. Hja neame him: ‘Ús Heit’!”
Mei  glinsterjen eagen hawwe beide froulju taharke. Soks is bliid nijs en makket alles goed.
“No?” freget frouwe Ulenburg har freondinne, “is dit gjin blide tynge? As de need op it heechstis, is de útrêding tichteby. De Heare lit ús it wetter wol oan, mar nea oer de lippen komme. Kom fanke, no net mear sa yn ‘e lytse loege sitte, hear. De holle omheech! Alles sil wol goed komme, no’t de Greve werom is.”Frouwe Clant glimket stil foar har hinne. Der glinstert in trien yn har each.
“Kom,” seit hja dan, “ik moat nei hûs.”
“De Greve moat earst oarder op saken stelle en dan sil er wol nei Easterlittens tsjen,” seit Ulenburg noch.
“Wat sil dat in blide opskuor jaan yn it leger,”andert frouwe Ulenburg.
“No,” stimt de noargemaster ta, “dat sil in feestdei wurde!”
In feestdei!
As frouwe Clant de strjitten trochgiet nei hûs, komt hja oeral blide minsken tsjin.
Hja binne fol moed en betrouwen.
De Greve, Us Heit, is ommers thús!

20

Sa brekt de santsjinde jannewaris oan.
In dei yn Fryslan’s skiednis, dy’t ûnferjitlik is.
Pake Tuerd is noch mar amper fan ’t bêd of, as hy sjocht yn it waar. Dat is syn earste gong elke moarn. Lykas hûnderten mei him, longert er nei de dei, dat it waar omslaan sil. O, wat wurdt derom bidden. En wat wurdt der op tidige. Mar elke moarn giet it im as de profetejonge op e’Karmel, dy’t ‘e fraach, as er noch gjin reinwolkje sjocht, anderje moat: Noch net! Dizze moarn hinget der in swiere dize oer it fjild. Pake kin mar amperoan de kontoeren fan ‘e Boksumer tsjerke, dy’t dêr stiet als in âld klok tusken de piken, ûnderskiede. It is in lytse wrâld. Gjin sinneljocht skittert mei juwieleglâns yn ‘e berypte beammen, mar treurich stekke hja de keale tûken de kâlde tsjokke mist yn. De wyn sit noch altyd op itselde plak.
En as beppe him frjeegend oansjocht as er wer yn ‘e keuken komt, dan lukt er mistreastisch oan ‘e skouders. It bliuwt noch mar winter! Komt der dan nea in din oan? Wêrom net? Wêrom? Heart de Heare dan net it kleien fan syn swier besochte folk?
Om dy tiid hinne binne De Tassis syn ruters yn it seal sprongen en yn in geswind nei Easterlittens ta riden, Hjoed sil er de kroan op syn wurk sette. Dizze dei sil de gloarjedei wurde foar de Spaanske findels. Hy sil it lytse Geuzeleger ferpletterje ûnder de wals fan syn oerweldigjende macht. De swiere dis begeunstiget syn plannen. It koe der net moaier op wierje. Der is suver gjin sicht …
Easterlittens leit net sa fier of. Al gau binne hja yn ‘e buert. Mar …. Hja fine fan it Geuzeleger neat. De skâns leit ferlitten. Oan alles is lykwols te sjen, dat it hjir earst koartlyn weitein is. Ynderhaast is it opbrutsen. Miskien wol op ‘e flecht nei Ljouwert. Dan kin it noch net fier wêze.
“It efternei!” ropt De Tassis.
Mar no is it krekt oarsom. No hat it Geuzeleger op ‘e ôfmars profyt fan ‘e mist. En de Spaanske oerste, dy’t efter it lytse legerke oanjaget, ferwinsket de dize.

Ier en betiid al is it Fryske regimint op mars gongen. It fuotfolk hat al in pear oeren rûn en komt net sa hurd foarút. De wegen binne glêd mei al dy snie en izel. En dy kalde dize …. Mei knoffelige hannen omklamje hja it gewear.
Stein Maltisten rydt mei de findeler Otto Clant, foarop. De Prinseflagge hinget slop en wiet om ‘e stok. Neat gjin geroffel. It giet hoeden en mei stille trom. Hynstefolk swermet om it fuotfolk hinne. Hessel Meckema dekt mei syn fijwilligers it legerke yn ‘e rêch. Hja hawwe al gans in ein ôflein en út ‘e skierens dûkt de Hilaader toer al foar harren op.
Dan lukt ynienen de dize op. De loft wurdt klearder. Der komt wer sicht. In ruter fjouwert de wei lâns nei foaren ta. It is Age, fan Hessel Meckema stjoerd mei it boadskip, dat in hiel ein efter harren oan de Spanjert opdaagjen komt.
As diggelfjhoer fljocht it nijs troch de rigen.
Stein Maltisten’s troanje belûkt.
Hja ride no troch Hilaard en de jonge Fryske eallju wolle der op oan hja sille hjir bliuwe en wachtsje op de sterke Aylva- state de buoi ôf. Dêr hawwe hja in goed beskûl en better kans op ferwar as yn it iepen fjild.
Mar Aylva- state is nei it sin fan de Deenske oerste noch te noedlik. Hy wol it tichter by Ljouwert ta in treffen komme litte. Hy wol op Boksum ta. Dêr kinne hja noch wol komme. De jonge eallju krije har sin net. Koppich en ûnfersetlik wol de oerste fan har foarslach neat witte.
No reppe hja de fuotten flugger. Der giet in grutte ûnrêst troch de rigen. De spanning groeit, weant de Spaansken op har hastige hynders hawwe it legerke ek sjoen en hurd komme hja tichterby.
Stein sjocht it gefaar, dat der wankt en hy stjoert Otto C;ant nei de efterhoede om te sizzen, dat Hessel Meckema en syn mannen stean bliuwe moatte en de oanstoarmjende fijân, sa lang as it kin, opkeare.
It is krekt op ‘e tiid.
Dêr is de Spaanske springfloed al. Hja komme oanstowen mei losse leie, rjocht op Hessel Meckema en syn mannen yn, mar de ruters fan Meckema jouwe gjin belies en hja steane ûnferwrigge.
It wurdt ien kleaune fan fûl fjochtsjende ruters. Hessel Meckema stiet sels foaroan. Hy wart him as in razende. De oaren moatte ommers kans hawwe om fuort te kommen. Ferbeten fleane hja der op yn. Oan beide kanten falle deaden. Mar de Spaanske oermacht is te grut.
In Spanjert komt op Hessel Meckema tasetten. Hy ûnderhellet syn swurd. De soan fan ‘e Kollumer Grytman kin sa gau net mear swinke en mei in djippe wûne yn ‘e side falt er efteroer. De snie kleuret rea fan syn jonge bloed. It legerke is noch mar amper oan Boksum ta, dan is it pleit al besljochte.
In ruter komt oanfjouwerjen, syn klean binne teropt en teskuord. Ithierwymdert him wyld om ‘e sliepen. It is Age, dy ’t Stein Maltisten de tynge bringt dat Meckema fallen is en hy allinnich is oerbleaun om it him oan te sizzen.
De hiersoldaten hawwe sa no en dan ûnder it rinnen wei skruten efterom sjoen. Hja hearre it geweld fan ‘e striid en de freze slacht harren om it hert. Hja hearre it geweld fan ‘e striid en de freze slacht harren om it hert.hja smite de wapens fuort en sette it op in draven. It helpt net, al springe de jonge Fryske ealju der tusken yn, al beswarre hja de mannen dochs stean te bliuwen. De iene stekt de oare oan en it wurdt in wylde flecht.
Stein Maltisten stiet boppe op ‘e poarte fan Oetsmastat. De slach mei de Spaansken is net mear te ûntkommen en hy fitert syn mannen oan om stean te bliuwen.
De grûn droant ûnder it oanstoarmjen fan de Spaanse ruterij. Mar amper hawwe de jonge Friezen, dy ’t gjin belies jaan wolle , noch tiid en slût de rigen.
It is mar in espeltjse folk mear, dat de stoarmfloed stiet. Mar de Spaansken krije der de hannen fol oan. Freeslik en bloedich wurdt de slach.
De Greve Oswald van den Berg hat in Geuzefindel oermastere. Hy wol it teskuorde doek as in oeringningsteken meidrage út ‘e striid. Mar ien fan ‘e Spaanske ruters sjocht him oan foar in fijân. Hy stekt him syn spear yn it boarst en deadlik wûne falt de Greve syn spear yn it boarst en deadlik wûne falt de Greve fan it hynder. It findel ûntglydt syn hân en wurdt yn it striidgewoel fertrape.
Ferbeten fjochtsje hja, de jonge mannen, dy’t fan alle siden besprongen wurde. It is net te hâlden, hja moatte efterút. En al fjochtsjend reitsje hja midden yn it doarp. Ferskate moatte it mei de dea bekeapje.
Sibe Roarda is al sneuvele. De jonge Carel fan Dekema leit te stjerren en Hidde Sybrants ut Gaasterlân fyn ek de dea. Oaren wurde finzen nommen: Willem Willems, Groustins, Gieles, hja diele it lot fan it haad fan it lytse Geuzeleger en wurde troch de Spaansken fuortfierd út ‘e slachting. Mar dochs is der in lyts keppeltsje, dat fan gjin wiken wit.
It binne mar in man of wat en de findeler. Otto Clant is har oanfierder. Al fjochtetsend binne hja it tsjerkepaad oprekke, de tsjerke yn en hja hawwe de sjerkedoar noch krekt de oanstoarmjende Spanjert foar de noas tichtsmiten. Hymjend rêste hja in amerij út.
Mar dan rame de Spaansken al mei boarstend geweld tsjin ‘e doar. Dy fljocht iepen en hja kringe der yn. Tusken de banken wurdt it in fljochtsjen fan man tsjin man. it bloed streamt oer de sarken.
Otto Clant hat him yn it findel bewuolle. Hy sil it nea oerjaan. As in wyld ramaait er om him hinne. De Spanjert, dy’t syn hân der nei útstrekke wol, is foar de dea tekene. Nee, nea sille se it hawwe, as it moat wêze oer syn lyk. Fan alle kanten kringe hja op him oan. Ien fan ‘e Spaanske oanfierders springt der tusken. Dat is in keardel, dy jonge findeler en hy wol him it libben sparje.
“Jou dy oer!” ropt er. “Jou dy dochs oer!”
Mar Otto Clant tinkt der net oan.
Dan falle se op him oan. Hy kin net mear op fuotten hâlde en stroffelt …. Mar noch op ‘e knibbels besiket er him te ferwarren. Dat findel …. dat findel …. hja krije it net! Trochstutsen siicht er del … Syn bloed, dat sa waarm kloppet foar it heitelân, kleuret it findel rea ….

21

Wytse Liuwes hat it brief fan Stein Maltisten besoarge oan it steatehûs. Pedro hat salang op ‘e hynders past. Doe binne se de stêd ynriden. Hja hawwe al yn gjin oeren in byt iten hân.
By de poarte, dêr ’t hja niis trochriden binne, stiet in weardshûs en dêr is ek in smidterij. Pedro syn huds moat beslein wurde.
As hja in waarmmiel efter de knopen hawwe, heane hja nei de smid om te sjen, oft er klear is mei it wurk. De man is krekt dwaande mei it hynder ye beslaan. Hy hat de efterpoat fan it bist tusken de knibbels en past it gleone hoefizer, dat er yn ‘e tange hâldt, De brânlucht slacht der of.
“Hawwe de hearskippen ek nijs fan it Prinseleger?”
“Wy binne fan ‘e moarn ut Easterlittens kaam, “ andert Wytse Liuwes.
De smid lit de hynstepoat sakje. It izer moat noch wat smeid en …. Hy is wakkere benijd.
“Binne se noch net oan it bakkeleien? ”Nee Maltisten wol wer op Ljouwert oan.”
De smid lit it izer falle
“Wat sizze jo?”
Dit falt him danich ôf.
“Fan ‘e moarn soene se opbrekke. As der slach levere wurdt, sil it ûnder de reek fan Ljouwert wêze.”
De smid hat it izer wer opkrige.
“O,” seit er , “dat is wat oars. My tinkt de poppen sille wol oan it dûnsjen gean. Foaral no’t de Greve sels it kommando wer op him nimme kin. “ ”Dat liket my ek wol sa ta.”
“It wurdt ek heech tiid, “ seit de smid, “dat se in wan krijge, dy Spanjoalen”
“De oermacht is grut, “ andert Wytse Liuwes. Hy hopet der it beste fan, mar gerêst is er net,
“Och kom, “mient de smid. “Ik sis it jo dat de fonken der ôffleane sille. Ik haw se hjir hân de jonge Fryske eallju mei har hynders en ik haw der wol moed op.”
Mar wat is dêr by de poarte? It is allegeare folk.
De jonge draaft foarby de stêd yn.
“Wat is der te rêden?” balt de smid.
De jonge ropt ûnder it draven wei werom: “Dder komme in protte soldaten oan!”
“It sil it leger wêze, “seit dy. “Mar dat is al gau.
 Dan komt der in frommes oan. Hja rint sa hurd, as sieten se har efternei.
“Wat is der hochs?” freget de smid.
“Dêr binne de soldaten,” seit hja triljend. “Hja sizze dat it Hiele leger ferslein is. O, o hoe moat dit komme!”
Hja slacht de hannen foar de eagen en rint kritend fierder.
“Kom mei!” ropt Wytsre Liuwes en hy is de oaren al foarút.
Yn in amerij ninne hja tusken it folk, dat al mar oanwint.
Dêr binne de flechtlingen. Hja hymje en eangst stiet harren yn é eagen te lêzen. Wapens en alles binne se kwyt. En wylst de minsken fol ûntsetting taharkje, fertelle hja, dat in lytse leger dy moarns by Bodsum ûnferhoeds oerfallen is fan ‘e Spaanske ruterij …. It hiele leger is ferslein.
“Dy stakkerts!” seit in frou.
De measten kinne it amper ferarbeidzje. It wol harren net oan.
Mar wylst hja dêr steane komme der al mar mear flechtlingen oan en hja bringe deselde ûnheilstynge mei: It Fryskre regimints is ferslein!
Wytse Liuwes is nei foaren krongen en hy freget de soldaten út.
Hy wol der leafst alles fan witte.
De sterke smid stiet te triljen op syn skonken.
Guon drave de stêd yn en elkenien, dy’t hja tsjinkomme roppe se it al fan fierren ta, dat it Prinseleger it by Boksum ferspile hat.
De sjouwerlu oan ‘e kaden hâlde op mei lossen. De ambachtslju litte it ark yn ‘e steek. Hiel it drokke stedslibben stiet ien amerij stil en der is oars gjin praat mear as dat it Fryske regiment fan de Spanjert ferslein is.
Ek op it Steatehûs bringt de jonsboade djippe fersleinens.
Wytse Liuwes en syn jonge steane by de poarte. Tusken Boskum en Ljouwert is it fl fechtlingen en hja dreame nei binnen. It binne soldaten, mar ek Boksumers, dy’t yn sân hasten it doarpke, dat yn ‘e iere moarn in slachfjild wurden is, ferlitten hawwe. Dizze stakkerts moatte ûnderdak hawwe. Hjir moat holpen wurde en party Ljouwerters stelle harren hûs foar de dakleazen iepen,
Dat stuit pakt immen Wytse Liuwes by de earm. As er him omkeart, sjocht er yn de eangstige eagen fan in steatlike frou. Hja is ek nei de poarte kommen. It ûnstjoere memmehert hat har dêrhinne dreaun. Want har sóan is ek yn it Prinseleger, dat slach levere hat mei de fijân. It is Teetke Douma, de mem fan Otto Clant. En hja freget oan Wytse Liuwes, oft er ek wat wit fan de jonge findeler yn it Frysk regimint.
Mar Wytse Liuwes wit neat, hy hat noch neat fan him heard. En oaren, dy’t dêr steane, allikemin. Hy is der noch net, mar der komme iderkear noch mear. Hja hoecht alle hopre noch net op te jaan.
Nije flechtlingen komme oan. Hja fertelle, dat Stein Maltisten finzen nommen is en it Hiele regimint útinoar slein. It wie freeslik ….
“Witte jimme ek wat fan myn jonge, fan de findeler Otto Clant?”
freget Teetke Douma wer.
En ien fan ‘e glechtlingen seit: “Ik seach him, besprongen fan in grutte oermacht, stridend op it tsjerkepaad.”
“Mijn jonge!” seit Teetke en hja knypt de neide handen gear.
Mar noch is de hope net dwest yn it memmehert.
“Miskien, “ seit hja tsjin Wytse Liuwes, ‘libbet er noch. Minskien is er wol finzen nommen.”
En Wytse Liuwes doar dizze mem dit lêste strieke net te ûntnimmen, mar hy hat swak moed.
Dan rattelt der in boerereau ûnder de parte troch. Dat sit stiffol mei soldaten en Bosumers.
By de soldaten binne guon, dy’trekt ut ‘e striid komme, mei bulten en skrammen oerdutsen.
Frouw Clant klampt se fuort oan, mar net ien, dy’t har wit te fertellen, wêr’t her soan is en al grutter wurdt de ûnrêst, dy’t har fertart.
Wytse Liuwes nimt de flechtlingen ris op. En dan ….. “Mem!” raast er ynienen, “Mem!” En tagelyk makket er mei syn stevige knûsten in paad nei de wein.
Dêr is beppe Liuwk. Hja is glêd ferbjustere, as hja twa sterke earmen om har hinne fielt.
Mar dan andert hja mei in stim, dy’t trillet fan blidens op de rop fan har jonge, dy’t hja ut tûzenen ken: “Gjalt, Gjalt, hjir is ús Wytse!”
Mar Wytse Liuwes hat ek syn heit al sjoen. En dan freget er: “Wêr is Ruerd? Is Ruerd hjir ek?”
Ja, Ruerd is der ek. Hy sit efter op’e wein. Hy sjocht nei dy grutte frjemde burdman en hy kin him net begripe, dat dy man him yn syn sterke earmen fan é wein ôf tilt en seit: “Myn jonkje, myn jonge!”
“Ruerd, “ seit beppe, “bistû net bliid? Dêr is dyn heit!”
Mar dan lit Wytse Liuwes Ruerd wer los en hy ropt: “Pedro. Pedro!”
Dêr is Pedro ek al. Dy hat stomferbaasd alles oansjoen.
Wytse Liuwres triuwt him nei foaren.
“Mem,” seit er , “mem, ik haw ek ús âldste jonge fûn!”
“Och, leave hartsje,” seit beppe en hja slacht de earmen om him hinne. “Och leave hartsje, it is wier? Bistû dêr ek wer?”En triennen rôlje oer de âlde, rimpelige wangen.
“Jonge,”seit hja tsjin Wytse Liuwes. “wat bin ik no ryk!”
Pake is ek oandien. Hy kin neat útbringe. It is him te machtich. Hy faget mei de hân oer de eagen en brimt ….
Frouwe Clant hat it oansjoen. Hja hat wol begrepen, dat hjir wat besûnders bart.
Ynienen stiet hja by Wytse en kriget him by de earm: “As jimme gjin ûnderdak hawwe, \us hûs is grutternôch.”
Hja nimme it mei beide hannen oan.
Dan geane hja meiinoar de stêd yn en hâlde stil foar in grut hearehûs.
“Hjir is it, “ seit de frou en hja ropt har gasten it wolkom ta.
It is in grut hûs. Der is romte genôch. En as hja te stoel en te bank binne, dan komme de ferhalen los.

22

Frouwe Clant hat yn é lette neimiddei nochris nei de poarte ta west. Mar al wa’t befreget, gjin tynge fan har soan. Sels de lêste soldaten, dy’t oankommen binne, witte har neat te fertellen. Wol binne Groustins, Willem Willems en Gieles yn ‘e hannen fan ‘e Spaansken rekke, mar hoe’t it de jonge findeler fergongen is, dat witte hja net,
Dan pandert hja wer nei hûs. Foar har memme- each riist it byld op fan har jonge. Moedich wie er de stêd útriden, doe’t it Prinseleger nei Easterlittens teach.
Sa djip uis hja yn prakkesaasje, dat hja net ienris fernimt dat de wyn om is. De loft berint al hielendal en it begjint stadichoan te soreinen. Earst as hja thûskont en de waarme wollen kape ôfdocht, falle har de glinsterjende reindrippen op.
“It treint,”zeit hja, as hja de keamer ynkomt, dêr’t har gasten sitte.
“Is it wier,” ropt pake, “reint it? Godtank, no krije wy teiwaar! De Heare hat de gebeden fan syn bern ferheard!” Skimer jûnttiid is it al, as der noch in ruter by de poarte komt. Hy hat in doek om ‘e holle en dy is read fan bloed. De storein hat se trochwekke.
De wacht wol hawwe, hy sil him wat waarmje by it fjoer. Mar hy tinkt der net oan. Wol hat er toarst en ien fam de wachten rikt him in beker waarm bier ta, dy’t er yn in pear swolgen leget.
Dan freget er nei it Steatehûs. Dêr moat er opslach hinne.
Hja betsjutte him, wêr’t lans moat.
Yn in omskoch sit er wer yn it seal en troch de donkerjende strjitten klinkt de stap fan syn hynder ….
De finsters fan it Steateûs binne noch ferljochte. Yn’e grutte seal sitte se byinoar, de hearen Steaten. Der leit in doffe fersleinens oer har hiele wêzen. Wat moatte hja? Hja ha gjin leger mear. It is ûntsettend! Wat in rampdei!
Wa sil ried skaffe? Hield Fryslân op Ljouwert nei, dat de parten slute kin, leit no bleat foar it Spaanske geweld. De Bildthoeke en de fette klaaidoarpen yn Noard- Fryslân steane ien en itselde lot te wachtsjen, dat Gaasterlân en it gebiet fan de âld Middelsee al troffen hat. Folslein oerlevere binne se. Wa sil no it woedzjen fan De Tassis stuitje? Alles, wat yn fûle striid foar frijdom en rhocht opboud is, liket yn ien slach ferddwûn. Swart as de nacht is de takomst. Fyslan is ferlern of …… der moat in wûnder barre,
Dan ferskynt dêr dy lette boadskipper. Och, safolle hawwe der hjoed al west. De iene jobstynge nei de oare brochten hja. Wat sil dizze wer hawwe?
Hy mei der yn komme.
It is tige stil, as yn it ljocht fan de kearsen op de grutte steande ljochters dy jonge man ferskynt, sà fan it slachfjild, bemodze en bespat, mei dy doek om syn holle.
Mar der is wat yn syn hâlding, dat de Syeateleden der ta twingt om oerein te springen. Dit is hjin jobsboade. Want syn eagen skitterje mei blide glans en hy brekt ú yn é jubel: “De Spaansken binne fuort! It wetter …. It wetter hat se ferdreaun!”
Dit is Gods finger. Fryslân is behâlden. It wûnder is bard!

Wylst pake en beppe mei Wytse Liuwes en de gastfrou sitte te prateb oer de wûnderlike wegen, dy’t minske faak lans moat, falt de klopper op ‘e foardoar. De faam slofket troch de lange gong. Teetke Clan, fan in wûndere ûnrêst dreaun, riist oerein. Wa mei dêr sa let noch wêze?
“Frouwe,” seit de faam, “der is in ruter fan it Prinseleger. Hy is alhiel tehavene en mei modder bespat en hy wol jo graach sprekke.”
“Let him komme,”seit Teetke en hja hat de hân op it ûnstjoere memmehert, dat sa rêd begjint te klopjen.
Dêr ferskynt de jonge ruter yn é doar. It is deselde, dy ’t krekt op it Steatehûs de kundskipper wie fan blide tynge.
“Age!”” roppe pake en beppe tagelyk.
Efkes komt der in glim op Age syn antlit as er syn bekenden sjocht. Mar dan stiet it wer earnistich eb hy seit: “Frouwe Clant, ik kom hjir mei tynge fan jo soan. Ik haw him ûnthjitte moatten, dat ik syn âlderlik hûs opsykje soe, as er de striid net oerlibbe.”
“Myn jonge!” ropt frouwe Teetke. “It is er dea?”
“Hy libbet net mear,”seit Age dan sêft. “Yn é tsjerke, foar de preekstoel, dêr leit er. Hy hie him yn it findel bewuolle. Dat findel, sa sei er de jûns fan te foaren noch, dat findel krije hja nea. En hy hat wurd hâlden. Yn en foar it findel hat er syn jonge libben jûn. Hy libbet net mear en dochs sil er libje, salang as der in Frysk folk wennet oan ‘e igge fan ‘e see.”
Sa is der rouwe yn dit grutte hûs. Rouwe oer it iennichst bern, dat de leafde ta de frijdom en it rjocht fan syn heitelân mei syn hertebloed besegele. Mar tagelyk is der de stille bliodens fan it wersjen.
En Age, dy’t steanbleaun is, seit as er alles heard hat: “It is wûnderlik, dat sels it kwea ús noch te’n bêsten wêze kin.”

In dei mannich letter nimme hja ôfskied fan frouwe Clant. Op é
‘e wein sitte beppe, Ruerd en Pedro. De beide broers kinne it mar skoan fine tegearre. Wytse Liuwes en Age sitte yn it seal. Pake hâldt de leie en mei blidens ropt er: “Fuort!”
Hja sikke oer Bokssum nei hûs ta, de lange wei nei it lytse doarp yn Limsterlân.




Dit ferhaal spilet yn de Spaanske tiid yn it iere foarjier fan 1586. Willem Loadewyk wie nei Hollân om Leicester yn te heljen, doe’t datselde stuit in strange winter ynfoel. De Tassis, de Spaanske kommandant yn Stienwyk, hie doe frij baan om Fryslân binnen te kringen.
Spannende mominten yn Linsterlân, by Drylts, yn Winsum, te Easterlittens en Boksum, en net te ferjitte de bar tocht fan ‘Úst Heit’ oer de Sudersee, wurde hjiryn beskreaun.
Pedro, de Fryske jonge, dêr’t de Spaanske soldaat âlde Pablo as heit oer stiet, makket de fjildtocht mei en fynt wilens syn eigen heit en famylje werom.


MASTERBOKKE WERK VAN JAN FOLKERTS DE HAAN
Links naar mijn andere sites






JAN FOLKERTS DE HAAN en GRIETJE DRAGSTRA

Jan de Haan en Grietje de Haan 25 jaar getrouwd

Verloving van GRIETJE DRAGSTRA en JAN FOLKERTS DE HAAN
Vader_de_haan_3
JAN FOLKERTS DE HAAN
   

FOLKERT JANS DE HAAN, JAN FOLKERTS DE HAAN, JAN THIJS JANS DE HAAN, THIJS TEUNIS JANS DE HAAN